Zoek op inhoud

Fan 11 o/m 29 septimber binne wer de Lês-mar-foar-wiken!

Yn dy perioade wurdt oeral yn Fryslân foarlêzen, op de berne-opfang, by gastâlden en op skoallen. Want wat is der no fijner as foarlêzen? Alle pjutten krije nei it foarlêzen in nij Tomke-boekje mei nei hûs, en foar bern fan 4 o/m 8 jier ferskynt in nij boekje fan Keimpe de Krokodil. Yn de biblioteek kinne de nije boekjes ek ophelle wurde, tagelyk mei in spesjale edysje fan it tydskrift heit&mem. En fansels binne der ek oare prachtige Fryske berneboeken dêr’t út foarlêzen wurde kin! Mei de Lês-mar-foar-wiken is noch folle mear te dwaan:

  • yn de biblioteken binne der ferskate foarstellingen te folgjen,
  • op Omrop Fryslân fynst tolve nije aventoeren fan Tomke én fjouwer printeboekfilmkes,
  • en op Tjits Floch binne alle ferhaaltsjes en ferskes út it Tomke-boekje te hearren.

Lêze jim thús ek mei? Sjoch op de www.lesmarfoar.frl foar mear ynformaasje.

Winaksje
Mei de Lês-mar-foar-wiken ride der in echte Tomke&Keimpe-bus troch Fryslân! De bus hat by 7 skoallen en pjutteplakken west, dy’t de foarlêsbus wûn hiene. Dêr waarden de bern yn de bus foarlêzen troch de bussjauffeur. Wat in feest wie dat! De Lês-mar-foar-wiken binne no foarby, hy komt net mear ‘op lokaasje’, mar ek de kommende tiid kinst de bus, dy’t troch Arriva omtovere is ta in foarlêsbus, noch in skoftke samar tsjinkomme. Goed om jim hinne sjen dus, want hy rydt noch hieltyd!

 

Oeps! We konden je formulier niet vinden.