Gerbrich Jorritsma út Wjelsryp waard yn de skynwerpers setten yn heit&mem 2016, nr 1.
Sy wie doe 28 wiken yn ferwachting fan in famke. Gerbrich hat in relaasje mei Siebe en tegearre hawwe sy in soan Lieuwe, doe 14 moanne. Underwilens is Gerbrich befallen fan in prachtige dochter. Op 31 maaie fertelt sy har ferhaal.
Gerbrich: ‘Op 26 Maaie bin ik yn it MCL befallen fan Fenne Rikst. Nei in swangerskip fan 41 wiken bin ik moarns stript. Middeis om 18:00 hawwe se myn fluezen brutsen en om 20:57 oere wie ús famke der! Neidat de fluezen brutsen wienen troch de ferloskundige gong it dalik oan. Ik kaam yn in weeënstoarm terjochte en ik fûn it bêst pittich! Ik ha lekker ûnder de dûs west want hjir koe ik de weeën it bêste opfange! De befalling hat mar trije oerkes duorre; se wie der dus flot! Ik fiel mij no goed, bin alwer aardich bekommen. It is wol dreech mei twa lytse bern. Lieuwe is ek noch mar oardel jier en is in echte dôgeniet! Mar mei in soad hulp fan Siebe en myn neisten giet it goed.
Ik wie fansels al mem fan Lieuwe, mar mem wêze fan twa bern is wol heel bysûnder! In jonkje en in famke, wat wolle jo noch mear? Mem wêze is ien fan de moaiste dingen die mij oerkommen is!Fenne Rikst is oant no ta in tefreden famke. Se drinkt oan it boarst en dat giet goed. Oerdei sliept se in soad yn de widze. Nachts fynt se it noch net sa leuk, dan wol se graach by my wêze en de nachten binne swier! Gelokkich sliept Lieuwe wol troch, dat skeelt al in hiel ein. We sille we sjen at we der wer wat ritme yn krije kinne! Mar mei de simmer foar de doar komt it fêst allegearre goed!
Toen Fenne krekt berne wie like se in hiele protte op har grutte broer Lieuwe. Mar se feroaret eltse dei! Se is wat ljochter, ljochtere wimpers en wynbrauwen. Ik tink dat se dat fan har heit hat. It brune feltsje sil se fan mij ha. Mar se feroaret mei de dei, it is noch muoilik te sizzen op wa se it measte liket!’
Hoe giet it mei de kreamhelp?
Gerbrich: ‘De kreamhelp is geweldich!! Se hat ús wer in soad leart en se is der ek foar Lieuwe! Myn húshalding giet troch en it iten stiet eltse dei foar ús klear! ‘Verwend’ /bedoarn binne we seker, mei lekker fruit ensa! En dat ik middeis dan eefkes nei boppen ta kin om by te sliepen is hearlik. Wy sille har nei tongersdei seker misse!!’
Wêrom hawwe jim dizze namme útsocht?
Gerbrich: ‘Fenne fûn ik altyd al in prachtige namme! En Rikst komt fan myn suske, Die hjit Sanne Rixt, mei in x, mar wy hawwe de namme alinnich yn it Frysk skreaun. Siebe woe ús Lieuwe graach ferneame en wy ha toen ôfpraat dat ik no de namme útsykje mocht. Gelokkich fynt Siebe it ek in prachtige namme’.
Mear witte oer Fryske foarnammen?