De Jonge, de Mol, de Foks en it Hynder, oerset troch Baukje Wytsma, is in prachtich ferhaal fan Charlie Mackesy oer freonskip, leafde en dysels wêze.’
‘Wat wolsto letter wurde ast grut bist?’ frege de mol. ‘Leaf,’ sei de jonge. ‘De Jonge, de Mol, de Foks en it Hynder’, fan Charlie Mackesy is in moderne fabel foar jong en âld. De 100 yllustraasjes en de poëtyske teksten fertelle it ferhaal fan in bysûndere freonskip, tusken de jonge en de trije bisten. De universele lessen dy ‘t se mei-inoar leare binne stik foar stik libbenswiisheden. In prachtige moderne klassiker.
Wolsto dit boek winne?
Belústerje dan de heit&mem-podcast en beantwurdzje ûndersteande fragen!
Moandei twa oktober meitsje wy de winner bekend! Hast it boek net wûn? It boek is hjir te bestellen. Ast in eksimplaar ha wolst, wachtsje net te lang, want it giet hurd en der komt wierskynlik net in werprintinge!
Oeps! We konden je formulier niet vinden.