Sinteklaas is wer yn it lân! Witsto al watst krigest? Dizze moaie nifelwurkjes kinst yn de skoech dwaan. Kinst fansels ek tegearre mei dyn bern nifelje!
Doaske Pyt
Hjir kinst it doaske fan Pyt downloade.
Sinteklaas
Nedich:
– Húskepapier roltsje
– Lym
– Kleurkes
Kleurje Sinteklaas yn en knip it út. Plak it no om in húskepapierroltsje.
Hjir kinst de Sinteklaas downloade.
Pyt
Nedich:
– Húskepapier roltsje
– Lym
– Kleurkes
Kleurje Sinteklaas yn en knip it út. Plak it no om in húskepapierroltsje.
Hjir kinst de Pyt downloade.
Sinteklaas flach
Kleurje de flach moai yn en knip út. Ast it boppeste stikje om in toutsje hinne plakst kinst der in hiele flaggeline fan meitsje.
Hjir kinst de Sinteklaas flach downloade.
Sinteklaas klep
Hjir kinst de Sinteklaas Klep downloade.
Pyt klep
Hjir kinst de Pyt klep downloade.
Pyt flach
Kleurje de flach moai yn en knip út. Ast it boppeste stikje om in toutsje hinne plakst kinst der in hiele flaggeline fan meitsje.
Hjir kinst de Pyt flach downloade.
Sint en Pyt
Nedich:
– Húskepapier roltsje
– Lym
– Kleurkes
Kleurje Sinteklaas en Pyt yn en knip it út. Plak it no om in húskepapierroltsje.
Hjir kinst it wurkje fan Sinteklaas en Pyt downloade.
De ‘ferlangsek’
Nedich:
– Skjirre
– Brún karton
– Plaatsjes fan boartersguod út reklamefolders
– Lym
– Knip fan brún karton in sek. Soargje foar in soad plaatsjes fan boartersguod út reklamefolders.
De bern dy’t knippe kinne de plaatsjes útknippe litte.
Lit de bern mar útsykje wat se graach fan Sinteklaas ha wolle. Dat op ’e sek plakke litte.
Oare suggestjes:
1. Sinteklaas helpe; de bern sels wat ynpakke litte mei Sinteklazepapier.
2. Sinteklaze- of Pitemûtse meitsje.
Pipernuten bakke
Nedich:
– 100 gr. bûter/margarine
– 125 gr. brune basterdsûker
– Ytleppel spekulaaskrûden
– Bytsje sâlt
– 250 gr. selsrizend bakmoal
– 1 dl. molke
– Pipernuten bakke kin bêst mei jonge bern.
Ming alles troch inoar en lit it dan yn alle gefallen in healoere yn ’e koelkast stean; dit is genôch foar sa’n 85 krûdnútsjes. Meitsje krûdnútsjes en rekkenje op in baktiid fan in kertier yn in foarferwaarme oven fan 150˚C.
Suggestje: Bûterbakjes fersiere om de pipernuten yn te dwaan.
Fan alles wat (Sinteklaas)
Nedich:
– Fingerferve (mei plaksel dertroch)
– Doaze
– Sirkels foar de tsjillen (karton)
– Reklamefoto’s fan auto’s
– Kleurd papier
– Lym
Lit de bern in âlde skoech fervje mei plakkaatferve.
Tekenje in sek op in grut stik papier. Doch ferve op in skaaltsje en lit de bern pipernuten yn de ferve dipje. Hjirmei kinne se pipernuten yn de sek stimpelje.
Tekenje de holle fan swarte Pyt mei in mûtse en de kraach. Lit de bern it figuer bestimpelje mei in koark (kurk) mei ferve.
Bron: www.tomke.nl
Tip: De boekjes Tomke en Pyt en Tomke en de krystkrânskes binne hiel aardich om as kado wei te jaan mei de feestdagen!