Triennen, lilkens en frustraasje. Dyn berntsje wol dy wat sizze, mar do ferstiest him net. Do wist efkes net watsto mei dyn berntsje oanmoast.
Wat soe it dochs moai wêze asto dyn berntsje begripe kinst! Wat soe it fyn wêze wannear ’t mear rêst en geselligens yn it gesin komme soe.
Dêr is in oplossing foar! By Myn Gebarenwereld kinsto gebaren leare, dy as stipe brûkt wurde by it praten. Sa kinsto dyn berntsje better begripe. En it kin al earder ast tinkst. Mei 8 moannen krije poppen al belangstelling foar alles wat der om harren hinne bart. Dán kinsto as âlders al begjinne mei gebaren.
Luc is 8,5 moanne âld, rint en krûpt noch net en sit op de grûn, wêrby hy hearlik mei in bal oan it boartsje is. De bal rôllet út syn hannen. Ferheard sjocht hy de bal nei…..wêr rôllet de bal hinne? Hy begjint te gûlen, want syn boartersguod is fuort. Mem komt sjen en freget oan him wat der is. Luc makket it hângebaar bal. It is dúdlik foar mem en hja soarget dat de bal wer by him werom komt. It fertriet is wei en in brede laits komt tefoarskyn.
Wolsto mear witten oer dizze fantastyske metoade? Sjoch dan op www.mijngebarenwereld.nl
Tip: Wolsto no alfêst yn ‘e kunde komme mei in aardige temaworkshop?
Dat kin op 8 april fan 10.00 – 11.00 oere. Dan wurdt der in gebarenworkshop jûn oan de Ylostinslaan 1 te Drylts mei as tema: Peaske en Kleuren.
Oer it hiele jier wurde der meardere tema workshops jûn.
Opjaan foar dizze Peaske en Kleurenworkshop kin oant 6 april o.s. fia info@mijngebarenwereld.nl
Do bist fan herte wolkom.
Hottie Eigenraam
Docent baby- en kindergebaren
Mijn Gebarenwereld