
Resinsje Stip yne brânspuitauto troch Nienke
Stip wol graach brânwacht wurde, lykas syn pake. Hy sil pake helpe mei it skjinmeitsjen fan de brânspuitauto en dan mei er sels efkes achter it stjoer fan de brânspuitauto
It boekje foel hjir daliks yn ‘e smaak trochdat it ek it lûd fan in sirene makket ast op it tsjil drukst. En der sit sels noch in moai blau swaailjocht op. It is fijn dat it boekje koarte tekststikjes hat. Dêrtroch is it ek foar de lytste berntsjes gau foar te lêzen foardat se de oandacht alwer ferlern binne. It neidiel fan it bytsje tekst dat deryn stiet is dat je echt oan ’e hân fan de plaatsjes sjen moatte wat der bedoeld wurdt mei de tekst. Stip seit op in gegeven momint ‘sorry pake ‘, mar op it plaatsje is dan te sjen dat er syn pake hielendal wiet spuitet. Wat my oanbelanget hie it miskien moaier west om dêr noch wat ekstra wurden foar te brûken om it goed dúdlik te meitsjen.

In oar neidiel fan it boekje is it tal siden dat it hat. It liket op it earste gesicht in boekje mei bêst wol wat siden, mar al gau docht bliken dat de efterste helte fan it boekje gjin siden mear binne, mar de romte is dêr’t nei alle gedachten de batterij sit foar de sirene. Dat wie wol even in teloarstelling. It aardige is datst echt mei dyn berntsje it boekje lêze moatst. Dyn berntsje kin echt meisjen mei wat der bart, pake wurdt wiet spuite en Stip glidet by de peal yn de kazerne nei ûnderen. Mar wat is it prachtich dat de ferhalen fan Stip no ek yn it Frysk te lêzen binne foar de lytskes.
Al mei al is it in moai boekje foar de jongste bern. Wêryn’t de tekst echt lêzen wurde moat mei it besjen fan de plaatsjes derby om der in dúdlik ferhaal fan te meitsjen. Tegearre mei dyn berntsje ûntdekke wat Stip belibbe hat tegearre mei syn pake. Foaral it lûd en it knipperjende blauwe lampke fan de sirene foelen hjir bot yn ’e smaak!
Nienke Middelkoop

Stip yn ’e brânspuitauto
Stip wol graach krekt as pake by de brânwacht. Hy sil mei om de brânspuitauto te waskjen en mei sels even achter it stjoer sitte.
Kartonboekje mei swaailjocht en sirene!

Baby’s houden van lezen
Veel ouders geloven niet dat het mogelijk is om al aan baby’s voor te lezen en stellen het voorlezen uit tot hun kind twee of drie jaar oud is. Dat is jammer, want in het eerste jaar ontwikkelt een kind zich snel en leert het veel nieuwe dingen.

Wurdsto pake of beppe?
Lokwinske! Wat in bysûndere tiid stiet jim te wachtsjen. Net allinne foar dyn soan of dochter, mar ek foar dy feroaret der in soad. In nije generaasje, in nije rol… en miskien wol in fêste oppasdei? As pake of beppe silsto in unike rol spylje yn it libben fan dat nije minskje.