![libbe](https://heitenmem.frl/wp-content/uploads/2025/01/1000031315-1920x1440.jpg)
Resinsje Libbe troch Marie
It boek Libbe giet oer in frou dy’t ferhuze is, wylst se earst by har heit yn itselde doarp wenne. De frou, Gryte, fielt har skuldich dat se ferhuzet wylst har heit op sa’n kwetsbere leeftiid is (yn de 90). It ferhaal fertelt hoe’t Gryte de tiid belibbet en springt hinne en wer fan de notiid nei it ferline fan sawol Gryte as har heit.
De oantinkens fan Gryte wurde hiel byldzjend beskreaun, wêrtroch’t ik hielendal yn it ferhaal opgie en it ûnder it lêzen as in film foarbygean seach. Sa stiet der bygelyks at Libbe syn sportoerke útleit oan Gryte: “Earst mei de kont op ’e hakken sitte en de earms sa fier mooglik op ’e grûn foar my útstrekke, dêrnei in oefening dy’t ik by de fysioterapeut leard ha: in kwispeljend hûntsje. (….) Dêr leit myn eigenste heit fan hast twaennjoggentich jier op knibbels te kwispeljen: de rêch bol en flak triuwend en dan yn plankhâlding himsels opdrukkend.”
Ik sjoch it al hielendal foar my, prachtich! De skriuwer fertelt ek oant yn de lytste details oer de plakken dêr’t it ferhaal him ôfspilet, somtiden fûn ik dat wolris ferfelend, want der is dan net folle romte foar eigen ferbylding.
De emosjonele bân tusken Gryte en har heit Libbe kinne je fiele ûnder it lêzen! Ik krige hieltyd mear in bân mei Libbe, as at ik him sels koe. Hy die my ek wol tinken oan myn eigen pake, dy’t no 94 jier is. De âldste fan myn pakes en beppes, mar hy wie altyd de fitste en is dêr krekt as Libbe tige grutsk op en mei dat graach efkes beneame.
Oer Libbe seit Gryte yn it boek: “Sa’t bêrn graach âlder lykje, libbet ús njoggentichplusser op by it tsjinoerstelde, en liicht der alfêst – as dat better útkomt – in jierke by.” Ik kin my dat hielendal yntinke by it byld dat ik fan him krigen ha en hear it him yn myn tinzen sizzen.
![](https://heitenmem.frl/wp-content/uploads/2025/01/1000031301-1920x1440.jpg)
In wichtich tema yn it boek is it âld wurden en hoe’t Libbe dat oanpakt. Hy hat bygelyks in hiel skema foar de oefeningen dy’t er alle dagen docht om yn kondysje te bliuwen! Ek komt it posityf wêzen en bliuwen nei foaren.
Libbe hat in Bibel en twa boeken fan Toon Hermans dêr’t er elke dei út lêst en dy’t him helpe om ‘de ellinde út it nijs en de kranten te fertarren’. Moai om te lêzen hoe’t soks ien helpe kin en ik tink dat dat in ynspiraasje wêze kin foar in protte âlderen.
Ik fûn it boek moai om te lêzen en fûn it tige jammer dat ik it út hie. It lêst hiel noflik en ik koe my goed ynlibje yn it ferhaal en de persoanen.
Skreaun troch: Marie Ketelaar-Algra, wenjend yn Dalfsen. Juf basisskoalle groep 5.
![](https://heitenmem.frl/wp-content/uploads/2025/01/Libbe-HR-510x762-1.jpg)
Libbe
In ferhaal oer manieren fan âld-wurden, oer fergonklikens en loslitten, en oer de bysûndere bân tusken in heit en in dochter.