Zoek op inhoud

“Joazefine yn ’e rein” kaam as in kadootsje mei de post en dat wie foar de beukers fan OBS Op’e Dobbe yn Hallum in feestje! We binne sljocht op ferrassingen en fan moaie boeken wurde we hielendal bliid op skoalle. It útpakken diene we mei-inoar. It kleurrike omslach falt fuortendaliks op: fleurich en útnûgjend. Fansels moast ik daliks foarlêze.

Joazefine is in eigenwize ko dy’t op in dei mei de oare bisten fan de pleats in spannende speurtocht hâlde soe, kompleet mei in grutte ferrassing oan ’e ein. Spitigernôch sloech it waar om en begûn it ynienen fûl te reinen, wêrtroch’t de speurtocht net trochgie. De bisten wiene teloarsteld en ferfeelden har.

Mar Joazefine hie in briljant idee. “Wêrom hâlde we de speurtocht net gewoan binnen?” stelde se foar. De oare bisten waarden entûsjast en se ûntdutsen al gau dat der yn it hûs ek genôch te ferkennen wie. En hoewol’t it mar trochreinde, giene se letter fol entûsjasme bûten fierder mei harren speurtocht.

Op it lêst stiene se dweiltrochwiet foar de doar fan de postrinner. Soene se deryn komme meie? Miskien soe de postrinner har speurtochtaventoer noch spesjaler meitsje!

It boek wie fuortendaliks in grut sukses by de beukers, wêrfan’t guon bern al bekend wiene mei de ferhalen fan Joazefine. De yllustraasjes binne prachtich en sitte fol grappige details, wêrtroch’t wy alle kearen wer wat nijs ûntdutsen hawwe – lykas hinnen dy’t mei-inoar in spultsje dogge. Hoe faak as wy it boek ek iepensloegen, der wie altyd wer wat oars te sjen. Wy makken der in spultsje fan om te sjen wa’t der wat bysûnders fine koe. Dêrneist liene de moaie printen har perfekt foar it oefenjen fan feardichheden lykas tellen en it útwreidzjen fan de wurdskat fan de bern.

It ferhaal is ek ûntsettend leuk en de bern hiene der hieltyd wer niget oan. By it foarlêzen fregen se geregeld nei dit boek. It is ûnderwilens al ien fan ‘e favorite boeken wurden fan ‘e bern.

It ferhaal sels sit fol humor en dat hâldt de bern boeid. Mar it boek giet ek oer werkenbere emoasjes, lykas blydskip en teloarstelling. Dat binne tema’s dêr’t je maklik mei de bern oer yn petear gean kinne. It boek is net allinnich geskikt foar beukers, mar kin ek hiel goed foarlêzen wurde oan pjutten. De libbene yllustraasjes meitsje dat it ek foar jongere bern in hiel aardich boek is.

Dêrneist past “Joazefine yn ’e rein” perfekt binnen de Berneboekewike, troch it aventoerlike en eigenwize karakter. It tema rein slút wer moai oan by it hjerstseizoen. Ik koe de boeken fan Joazefine noch net, mar nei dizze ûnderfining sil ik se grif faker foarlêze. It is in oanrieder foar elkenien dy’t op syk is nei in fleurich, grappich en learsum printeboek!

Tiny Aagtjes

Joazefine yn ’e rein

Dat it no krekt hjoed sok min waar wêze moat … O nee, dat kin toch net? Joazefine hie krekt sa’n sin oan de speurtocht. Mar no reint it dat it spielt en sy en har freonen sitte har binnen te ferfelen. Of toch net? Net mei Joazefine! Dy kriget in geweldich idee en sa begjint in spannende speurtocht troch it hûs.

En bûten is it ek sa slim noch net. Troch de plassen stampe is leuk! Dweiltrochwiet steane se by de postboade foar de doar. Mar oft dy de hiele wiete bisteboel deryn lit?

De resinsje fan Klaske: Joazefine fiert fakânsje

Wat sit dêr yn de brievebus? In kadootsje! En wat is der no moaier as wannear’t dat kadootsje ek noch op je jierdei yn de bus sit. Joazefine fiert fakânsje, dat komt goed út, want wy fiere ek fakânsje op de pleats.

Resinsje Joazefine yn ’e rein troch Anke

Nei in prachtige simmer kinst derop wachtsje… De bledsjes wurde read en giel en falle fan de beam. It wurdt frisser bûten, de lange broek moat wer oan en sit o sa strak. Jûns wurdt it betider tsjuster: ‘Is it no al tiid om op bêd?’ En… der komme wer reindagen…