Zoek op inhoud

Resinsje Heity, help! troch Jolanda

Heity! Help!!
Wat in moai, fleurich en kleurich boek,
net te tin en net te tsjûk.

Oer hokker meunster soe dit boek, Heity help!, gean?
En soe ús soan nei it (foar)lêzen net hieltyd bang by ús yn de keamer stean?

Lokkich gie it boek oer in herkenbere geast.
Dat makke it makliker, dat wie in treast.

Grappich dat der foar it meunster (syn tinzen) in apart lettertype is
Al hie dat noch wol wat ‘akeliger’ kinnen, sûnder mis.

Of miskien hienen de lettertypes omdraaid wurde moatten
Ik fûn it ‘minske-lettertype’ better by it meunster passen.

Mar dit oare lettertype soarge wol dat ik it makliker, op in ‘passende toan’,
foarlêze koe oan ús soan.

De tekst is goed te lêzen, ek troch in jonge fan dik 10 jier.
Allinnich it wurd ‘suzjet’ foel ús beiden in bytsje swier.

De wurden ‘gek’ en ‘bek’ foelen, fûn ik, in bytsje út de toan.
Ek al brûke wy de wurden regelmjittich, binne se ‘frij gewoan’.

Leuk dat guon tekeningen
fanút de twa pear eagen fan it meunster makke binne.

Dat makke dat wy wat langer op dy siden hingjen bleaunen
om de oplossing foar dy ‘oare yllustraasjes’ te fersinnen.

Hoe langer oft ik (allinnich) nei de tekeningen sjoch
hoe mear oft ik glimkje moat, dêr is goed oer neitocht!!!

Miskien is it boek krekt wat te lang,
ús oandacht sakke wat fuort, wy wienen net mear bang.

It meunster is it, no yntusken krakkemikkige, hûs útflein
Mar hy komt dêr wol wer, seit er, oan it ein.

It ein fan it boek fûn ik wol in bytsje frjemd
Mar miskien is it sa skreaun sadat der in ferfolch op komme kin?

Us soan wie ek foar ‘in meunster’ op de flecht slein
Ik hie syn bêd(eguod) earne oars dellein.

Jolanda Paulus – Bandsma

Jou my de romte: resinsje fan Jolanda

Lêstip fan Keimpe septimber: Heity! Help!!

Nij ferskynd by de Afûk: 𝐇𝐞𝐢𝐭𝐲! 𝐇𝐞𝐥𝐩!!
In ferhaal fan Thys Wadman, mei yllustraasjes fan Wim Swart.

As Hidde op bêd leit, heart er frjemde lûden. Soe dat in bist wêze? Of miskien in meunster? Hidde wurdt bang en ropt om syn heit om te helpen.

Heity! Help!!

As Hidde op bêd leit, heart er frjemde lûden. Soe dat in bist wêze? Of miskien in meunster? Hidde wurdt bang en ropt om syn heit. Dy moat him helpe. Heit sil it bist of it meunster grif wol fange kinne. Of fuortjeie.

Mar oft dat slagget?