Zoek op inhoud

Sa no en dan komt der in fersyk fanút de Afûk fia de mail binnen, mei de fraach ‘Wolle jimme wer wat skriuwe oer in nij Frysk boek?’ Dy mails binne rjochte oan it lêzerspanel foar heit&mem.

Dêr bin ik in lyts ûnderdiel fan.

Sa no en dan gean ik yn op in fersyk en sa no en dan mei ik dan dus wat skriuwe oer in nij boek.

“Ynbêde / Ingebed”, in boek mei gedichten fan Tsead Bruinja, like my tige nijsgjirrich.

Tjeerd Pieter Bruinja is syn folsleine namme. Ferrek, myn namme, folslein, is Pieter Tjeerd Zuidema. It wurdt der allinnich mar nijsgjirriger op.

Tsead Bruinja hat Dichter des Vaderlands west. Dat seit wat. Dan moatte jo dochs wat moais út de holle en út de pinne op papier krije kinne.

En no, nei’t ik “Ynbêde / Ingebed” lêzen ha, wit ik dat dat sa is. Tsead Bruinja is in keunstner, in keunstner mei wurden en yn it oerbringen fan it fielen.

Gjin boek om lykas in thriller of leafdesroman fluch achterelkoar út te lêzen. Dêrmei dogge jo dizze bundel tekoart.

De gedichten, ik ha dêr de tiid foar nommen, alle dagen in gedicht lêzen. Net hurd en gau. Tiid nommen om de wurden yn my op te nimmen. Wit, de teksten, dus de gedichten, binne begryplik foar de lêzer. En geane oer minsken lykas as jo en ik.

wat in keunst om yn in pear wurden in protte te sizzen

En dan blykt: blikstiender, wat in keunst om yn in pear wurden in protte te sizzen. Der stiet mear as de wurden op it papier. Mear wurden binne net nedich. Want it komt binnen, it rekket. De hûdhonger, jo fiele it mei, it is yntins! De flieën út de klean, jo fiele se kribeljen. Filosofyske fragen oan josels stelle en dochs ek gewoan in potsje fiermige, dat soarget foar de glimk.

De dichtbundel is opdield yn fiif haadstikken. Haadstikken mei moaie, net deistige nammen. In pear foto’s. En sa at ik sei, mear is net nedich. De wurden, de gedichten dogge harren wurk.

Fryske gedichten mei de fertaling yn it Nederlânsk dernjonken, elkenien kin it dus lêze.

 

De gedichten fan Tsead Bruinja, bundele yn dit boekje, ha yndruk op my makke. Sadanich dat ik my ôffreegje: wa bin ik dat ik wat skriuwe mei, dat ik wat sizze mei oer de keunst fan Tsead Bruinja.

 

“Ynbêde / Ingebed”, it is in prachtige samling fan gedichten, skaf it oan en nim der de tiid foar. Jo ha wis in literêre oanwinst!

Pieter Zuidema


‘Ynbêde’ is foar € 22,50 hjir online te bestellen.

-> Pieter is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.