Zoek op inhoud

Konkreet en treffend

Janneke Spoelstra hat yn har nijste dichtbondel Wy yn ’e draaimûne ûnder oaren gedichten skreaun oer de tiid dat se alve jier wie, oer it ferstjerren fan har heit, oer in slim ûngemak fan in doarpsgenoat en oer de nije grutte gemeente Ljouwert. Tuskentroch wurde der ek ierappels ferboud.

Hjir en dêr is de poëzy fan Spoelstra ferrassend konkreet, prozaysk hast. Sinnen mei deagewoane dingen dy’t yn in libben barre kinne, binne der folle net genôch, lykas “Wy brochten radyskes nei heit en mem” of “Pakesizzers smieten in ierappel yn it gat.” Ik fyn dat moai: it ferwurkjen fan deagewoane dingen yn in gedicht. It makket dat der by my as lêzer in konkreet byld ûntstiet en it gedicht hiel tichtby komt.

Dêrfoaroer stiet dat de gedichten wier wol echte gedichten binne. Sinnen wurde heal ôfbrutsen of krekt wat oars formulearre as yn proaza en wurden krije in plakje op in nije rigel, om it effekt fan ’e tekst te ferheegjen. De koarte rigels yn it gedicht In wykein as dit fersterkje bygelyks it gefoel fan ûnleauwe en ûngemaklikens om it ferûngelokjen fan in doarpsgenoat. Boppedat krijt in gedicht troch de kombinaasje fan op it earste gesicht gewoane anekdoates of bylden gauris in bysûndere betsjutting of sfear. Hiel treffend.

By in dichtbondel bin ik altyd benijd wêrom’t er de titel hat dy’t er hat. Mei alle konkrete bylden yn dizze bondel ferwûnderet it my net dat de titel Wy yn ’e draaimûne weromslacht op in echte draaimûne yn it gedicht Draaimûne. In freon sit op it hynder, de ik-persoan mei in freondinne yn in bank. Der hinget in kleurige bal oan in elastykje by de toutsjelûkerstinte en troch it draaien wikselje ljocht en skaad harren ôf. Dêr is neat metafoarysk oan.

Mar wa’t goed lêst, komt in djippere laach tsjin yn ’e gedichten fan Spoelstra. In strofe earder yn itselde gedicht Draaimûne stiet dy mûne nammentlik foar de ierde dy’t draait en foar de holle fan dyselde freon dy’t eartiids op it hynder siet en no wit dat er stjerre sil. Wy sitte allegearre yn ’e draaimûne fan it libben, liket de titel fan dizze bondel te sizzen. Ljocht en skaad – goeie en minne tiden, libben en dea – wikselje harren ôf en wy kinne net healwei de rit út ’e draaimûne stappe. Ik tink dat Spoelstra dat net iens sa swiermoedich bedoelt. It is sa’t it is.

En sa is it mar krekt.

Troch Aukje-Tjitske Dieleman-Hovinga

‘Wij yn ‘e draaimûne’ is foar € 12,50 hjir online te bestellen of freegje der nei yn dyn boekhannel.

 

-> Aukje-Tjitske is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.