Resinsje Do bist de leafste troch Yvonne
In kleurryk en poëtysk boek foar elkenien, fan jong oant âld!
Do bist de leafste – Hans & Monique Hagen, Eppie Dam
Hans en Monique Hagen hawwe yn 2000 in prachtige dichtbondel skreaun. Dat sy dat as de bêste kinne, dat witte wy troch al in soad oare bernedichtbondels fan har hân. Mar no is “Do bist de leafste” oerset yn it Frysk troch Eppie Dam.
Wurden jaan oan dyn gefoelens en gedachten yn dyn eigen memmetaal kin tige wichtich wêze. En persoanlik fyn ik dit boek dan ek in oanwinst foar ús Fryske berneboeken. Sa kinne de bern har dêryn werkenne, wat in noflik en feilich gefoel jaan kin.
Per spread is in koart gedicht te lêzen. Dat kin gean oer de winsk om in hûntsje te hawwen, oer de sinneblommesee, mar ek oer fertriet. Trochdat der ferskate tema’s oan bod komme, is der altyd wol in gedicht dat past by watsto op dat momint sikest. Der steane dan ek mar leafst 23 ferskes yn dizze bondel!
De gedichten binne koart en hawwe koarte sinnen. Dat is noflik, want dêrtroch kinne bern fan 8 jier ôf al besykje se sels te lêzen. Je kinne beide boeken, yn it Frysk en it Nederlânsk, ek neistinoar lizze. Mochten se in Frysk wurd net witte of werkenne, dan kinne se altyd noch it Nederlânske wurd derby sykje.
De yllustraasjes, makke troch Marit Törnqvist, jouwe in waarm gefoel by de gedichten. Se binne ferspraat oer de hiele spread en der falt in hiel soad te sjen. Dêrtroch kinst de yllustraasjes ek brûke as sykplaat. Se jouwe krêft oan de ferskes, mar binne ek wiere keunstwurken op harsels.
By de Nederlânske ferzje is der by elk gedicht ek in liet makke. Dy lieten binne fia û.o. Spotify te belústerjen. Wa wit komme se der ek noch yn ús Fryske taal.
Koartsein: in kleurrike, leafdefolle en prachtige dichtbondel om kado te jaan oan ien dy’tst leafhast.
Yvonne Soepboer
Broeksterwâld
Learkrêft (fan groep 6)
Do bist de leafste
In tiidleas boek foar alle leeftiden mei leave gedichtsjes fan Hans en Monique Hagen en sfearfolle yllustraasjes fan Marit Törnqvist.
Eppie Dam hat in prachtige oersetting makke.
Resinsje Do bist de leafste troch Wieke
Wy mochten in resinsje skriuwe foar ‘Do bist de leafste’. Een prachtich boek yn pocketformaat mei ferhalen en gedichten oer alledeiske dingen, sa as de kenmerken fan de seizoenen, it waar, wat der allegear gebeurt by it meielkoar boartsjen, op skoalle of op it wurk.