Zoek op inhoud

Resinsje Boer Boaris en de sniepop troch Yvonne

It is winter en it snijt! En dat kin mar ien ding betsjutte: in sniepop meitsje. Boer Boaris, Sam en Bearend jouwe him de namme Bob.


Bob krijt in noas, eagen en sels in mûtske. Mar spitigernôch wurd it teiwaar, de snie raant en dat is in tryst foarútsjoch. Boer Boaris, Bearend en Sam sette alles op alles om sniepop Bob te rêden. Mar dan ynienen wurde har plannen fersteurd troch in fleanende slide…

“Boer Boaris en de sniepop” is alwer it achttjinde diel yn de populêre searje oer de bekende boer. Dizze searje bliuwt in sukses by jonge bern. De teksten binne, sa’t wy fan Ted van Lieshout en Philip Hopman wend binne, op rym skreaun. Dêrtroch is it in hiel noflik foarlêsboek. Troch de rymwurden sille pjutten en beukers de tekst nei in pear kear foarlêzen al gau út ‘e holle kenne.

It ûnderwerp sil de bern geweldich oansprekke en leit yn harren belibbingswrâld. It kin in moaie iepening wêze om in petear mei de bern oan te knoopjen. Dêrneist binne der ek werkenbere plakken te sjen yn de yllustraasjes, lykas it stânbyld fan yngenieur Lely op de Ofslútdyk en net te ferjitten ús eigen Thialf.

De prachtige yllustraasjes binne wer wiere keunstwurken. Je krije it hast al kâld fan de winterske platen, tige passend by de sfear fan it ferhaal. En krekt lykas yn de oare dielen is ek yn dit boek op elke bledside in mûs en in klyster ‘ferstoppe’. Kinsto se fine?

De Boer Boaris-searje is net allinnich hiel leuk en grappich, mar ek learsum. Sa kinst telle en nije wurden leare. Mar der is mear! As boer Boaris yn Thialf is, hingje der allegearre flaggen op de achtergrûn. Dêrmei kinst ek de âldere bern derby belûke. Witte sy hokker flagge by hokker lân heart?

Koartsein: Boer Boaris en de sniepop is wat my oanbelanget it perfekte boek foar yn de winterperioade. Op rym skreaun, mei humor en learsum. De perfekte kombinaasje foar in moai foarlêsboek.

Yvonne Soepboer
Broeksterwâld
Learkrêft

Boer Boaris en de sniepop

It is hast krysttiid en it hat snijd. Boer Boaris, Bearend en Sam meitsje in sniepop. Mar dan wurdt it teiwaar…