Rob Jetten sei it al: âlders dy’t harren bern yn dizze twadde lockdown sels ûnderwize moatte en dy’t thús ek noch harren baas tefreden hâlde moatte, sille de bern sjen as libjende ‘enkelbanden’. Jawis, der is wol needopfang, mar dy is bestimd foar de essinsjele of krúsjale beroppen en net foar âlders dy’t op in oare (minder essinsjele of miskien sinleaze?) wize thús oan it wurk moatte. Wat is it dan moai dat ik, pre-pensjonado en eks-skoalmaster, byspringe mei by myn pakesizzer Juleine!
Sa sit ik dan op tongersdeitemoarn tegearre mei har oan ’e keukentafel. Opdrachtbriefke fan skoalle, potlead en gom lizze al klear. Martsy, de knuffel dy’t tasicht hâlde moat op dit minyskoaltsje, Juleine en ik. Wy binne der ek klear foar, wy kinne los! Of nee, even wachtsje! ‘Wil pake eerst koffie?’ No, dat noasket pake wol en Juleine makket mei de kofjemasine yn in pear tellen in (prima!) cappuccino, kompleet mei molke út in elektryske molke-opskommer. (Lúks! Ha ’k op myn skoallen noait hân…!)
Oan ’e slach! Groep 3, dus noch oan it begjin fan it lêsproses. Earst wurdsjes lêze. Hoewol’t ik by it (mei)lêzen wol fyn dat guon wurdsjes net echt oanslute by de ‘bernewrâld’, komme wy der trochhinne. Mar ik wit net wat hjirfan hingjen bliuwt… Dan is skriuwen oan bar, it skriuwskrift leit klear. Ofspraak: as der in rigel klear is, besjocht pake dy. Sjocht it der goed út, dan gean wy fierder. En it moat sein wurde: de earste rigels binne kreas! Mar de alderlêste rigel wie mooglik justjes tefolle, want dy is oeral troch de helplyntsjes hinne sakke. Utgomje slagget net, dan sa mar. Krol derûnder, klear!
Efkes pauze. Mar net lang: it rekkenjen wachtet! Hjoed in drege opdracht: blokjes telle yn figuerkes. Juleine telt lûdop. Ik tel mei, mar hear en sjoch wol wêr’t it misgiet. Want… blokjes dy’tst net sjen kinst, hoechst dochs ek net te tellen? Ik fertel datst dy blokjes miskien net sjochst, mar wol meitelle moatst. Oars soenen dy oare blokjes ommers yn ’e loft hingje? Se sjocht my oan en tinkt der wat fan. Dan stekt se − alhiel yn har rol − in finger op. ‘Meester, mag ik even naar de wc?’ Dat ik dêr om laitsje moat, fynt se mar frjemd. It splitsen fan getallen is hjoed de lêste opdracht. Telramt derby en dan is it samar klear! Boppedat ek noch hielendal selsstannich!
Ik haw myn eigen bern − lang lyn! − ek yn de klas hân en no’t ik myn pakesizzer sa folgje yn har dwaan en litten is dit winliks in aha-erlebnis. En dêr genietsje ik fan! Nije wike mar wer! Nee, foar pake is dizze learling gjin ‘inkelbân’, mar in hiel bysûndere gearwurking tusken myn pakesizzer en my!
Thys Wadman (1956), berneboekeskriuwer, muzikant en sûnt ferline jier âld-direkteur basisskoalle, is tydlik wer eefkes ûnderwizer yn syn priveeskoalle. Thys hat trije bern en trije pakesizzers.
Fotograaf: Hippe Kiek fotografie
Ut: pake&beppe 2021