Zoek op inhoud

‘Omdat ik sa wiis mei dy bin’ is it leaflike ferhaal fan Guido van Genechten oer Ysbrand de iisbear dy’t de wrâld oan ’t ûntdekken is. Mei de werkenbere ferwûndering fan in bern dat dingen foar it earst docht. Him dingen ôffreget en by syn mem om antwurden siket. Mar him ek al hiel wiis fielt omdat er al dingen kin en wit.

It ferhaal is dêrom hiel geskikt foar bern fanôf trije jier âld: de leeftiid dat bern foar dyn gefoel de hiele dei ‘wêrom?’ freegje en alderhande ûndogenske dingen útfine.

Ik bin in grut fan fan de boeken fan Guido van Genechten. Se ha faak wat ûndogensk.

Ysbrand wit al in hiel soad: wêr’t de lekkerste fisken swimme en hoe’t hy in fisk fange kin, mar ek hoe’t in snieflokje smakket as it raant op syn tonge. Mar hy wol noch mear witte, lykas wêr’t de snie wei komt en wêrom’t snie wyt is. Syn mem docht har bêst om Ysbrand antwurd te jaan op al syn fragen, mar memmen witte fansels ek net alles.

Ik bin in grut fan fan de boeken fan Guido van Genechten. Se ha faak wat ûndogensk. Ek yn ’e Fryske oersetting werkenst dat, bygelyks yn wurden lykas ‘skytlytse’ of de mem dy’t net alles wit en ‘Euh…’ seit, har achter it ear klauwend. It binne faak grapkes dy’t in knypeach binne nei dejinge dy’t oan ’t foarlêzen is.

It formaat fan it boekje is my eins te lyts. Kinst it hast yn dyn achterbûse kwyt. Dat is net sa noflik mei foarlêzen omdatst de bern dan minder maklik lekker op ’e skurte ha kinst. Dan sitte se dy eins yn ’t paad. Boppedat is de tekst dan op guon siden te dominant oanwêzich yn ferhâlding ta de yllustraasjes.

Dochs fine de bern ‘Omdat ik sa wiis mei dy bin’ in leuk ferhaal om te lêzen. Troch de oansprekkende yllustraasjes kinne sy harren krekt sa maklik yn Ysbrand ferpleatse as ik yn syn mem.

Rozemarijn Strubbe, mem fan Benn (4) en Casper (1)

 

‘Omdat ik sa wis mei dy bin is foar € 6,50 hjir online te bestellen.
-> Rozemarijn is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.