Nynke waard mem op har santjinde
‘Ik rekke yn ferwachting doe’t ik sechtjin wie. Fiifenheale moanne lang hie ik neat yn ’e gaten. Doe ’t ik nei de húsdokter gie foar de pil, fertelde ik dat ik al in skoft net ûngesteld west hie. Op ’e fraach oft ik miskien yn ferwachting wêze koe, andere ik mei nee.
Foar de wissichheid makke de dokter dochs mar efkes in echo. “Sjoch, dat is it hertsje fan dyn bern”, sei er doe.
Ik wie ferbjustere en frege my direkt ôf hoe’t ik dat thús fertelle moast. De dokter reagearre freonlik mar lakonyk.
“It komt wol goed,” sei er, “do bist net de earste en silst ek wol net de lêste wêze.”
Mem siet yn ’e wachtkeamer.
“Ik krij in baby”, fertelde ik har. Dat like my positiver as: “Ik bin yn ferwachting.”
Mem wie net bliid ferrast. En doe’t se it ús heit fertelde, stie har gesicht op ûnwaar: “No is ’t net bêst, mar ús Nynke is swier.”
“Ik wurd pake!”, rôp ús heit. Hy fûn it geweldich!
Mem letter ek hear. Se is in leave beppe wurden en hat my o sa goed holpen. Myn freon fûn it dreech. Hy wie 22 jier en hie der muoite mei om syn frijheid kwyt te reitsjen. Ik net.
Ik wie eins o sa bliid mei de poppe dy’t komme soe!
Elkenien hie in oardiel, mar net ien frege hoe’t ik my fielde.
En ik wist dat ik dochs bern ha woe. Nó wie net handich, ik siet noch op skoalle, mar letter wol. Dêr kaam by: ik wie wend om ferantwurdlikheid te dragen. Heit hat lang slim siik west. Dêrtroch moast ik altyd al flink wêze.
Ik hie foaral lêst fan de negative reaksjes út it doarp. Elkenien hie in oardiel, mar net ien frege hoe’t ik my fielde. En felisitearje diene se my al hielendal net.
Mar ik wie striidber. Besleat ek fuort om sels foar myn bern soargjen. Dêrom stoppe ik mei skoalle. Doe’t de poppe der wie, pakte de besite Terry soms samar út syn widze. Dat hiene se grif net dien at ik âlder west hie. Ik fielde dat dan oant yn ’e teannen, mar doarde der dochs neat fan te sizzen.
Trochdat elkenien sa op my lette, waard ik in hiele kreaze húsfrou. Ik soe se wolris wat sjen litte!
It slagge my om alles goed ferrinne te litten. En ik waard freondinnen mei froulju dy’t ek yn ’e lytse bern sieten. Se wiene gemiddeld tsien jier âlder as ik, mar dat fernaam ik net. Dy tsien jier haw ik oerslein. Ik bin oeral altyd de jongste.
Yn 1999 bin ik skieden. Doe hie ik trije bern. Letter bin ik mei Jan troud en wy hawwe tegearre noch in jonkje krigen.
Hjoed-de-dei bin ik in fitte, blide, njoggenenfjirtichjierrige frou mei fjouwer beppesizzers. Ik bin ek harren oppas. Dêrneist bin ik gastâlder foar oare bern.
Ik doch it graach, mar soe mear tiid foar mysels hawwe wolle. Miskien wol ik wer in hynder ha. En skriuwe. Dêr haw ik ek sa’n nocht oan!’
Troch: Janna van der Meer
Foto: Hippe Kiek fotografie
It grutte Pake & Beppe foarlêsboek
In prachtich foarlêsboek foar beppes, pakes en alle oare minsken dy’t graach foarlêze! Mei mear as tweintich foarlêsferhaaltsjes, spesjaal geskikt foar bern fan 2 oant en mei 6 jier.