Zoek op inhoud

Enge monsters ûnder it bêd, nuvere bisten yn Fryslân, in hiel fiis filmke oer poep en in famke dat fertriet hat.

Sjoukje de Boer & Franke Wiersma hawwe fjouwer prachtige filmkes makke mei ferskes en animaasjes oer tema’s dy’t werkenber binne foar bern.
By alle filmkes is in dochplaat makke, mei lês-, praat- en dochtips foar thús.

In soad wille dermei!


Monsters

Leit der by dy ek wolris in monster ûnder dyn bêd? It berntsje yn dit filmke hat wat betocht om it monster fuort te krijen.

Dochplaat by it tema: Monsters

 

 


Bistebinde

In pinguin yn Penjum, in iisbear yn Hieslum, in krokodil yn Kollum, wat dogge dy hjir?

Dochplaat by it tema: Bisten

 

 


Poep!

Dochplaat by it tema: Fiis

 

 


Poes is dea

It famke út dit filmke is net sa fleurich, hoe soe dat komme?

Dochplaat by it tema: Rou