Age is krekt 4 jier en komt moarns betiid sliepperich mei syn fersliten knuffel de wenkeamer yn. Mei de ôfstânsbetsjinning zapt er op telefyzje handich nei it YouTube-kanaal. En sjoch, dêr steane Buurman en Buurman al op him te wachtsjen. Frânske, Ingelske of Hongaarske filmkes, it makket Age neat út. ‘Oan de ein fan it filmke sizze se altyd: A je to!’ laket er bliid.Age heart by de digitale generaasje, bern dy’t grut wurde mei ynternet op telefyzje, telefoan en tablet. Foar him is de digitale wrâld krekt like echt as de gewoane wrâld. Op de tablet in spultsje dwaan of bûten boartsje yn de sânbak, hy fynt it allebeide prachtich. Mar wylst syn mem him út it keukenrút wei yn de sânbak noch knap yn de gaten hâlde kin, is dat online in hiel stik lestiger. ‘Dochs is online in eachje yn it seil hâlde like belangryk as by it âlderwetske bûten boartsjen’, fertelt Bea de Jong, fan Timpaan Kindercentra.
Media Ukkie Dagen
Alle jierren organisearret Timpaan tegearre mei de Educatieve Bibliotheek dêrom de Media Ukkie Dagen. Yn gearwurking mei it Centrum Jeugd en Gezin hawwe de beide partners in programma opsteld om âlders te learen wat mediawiisheid is. ‘Wannear meie myn bern foar it earst op in tablet? Hoelang meie se spultsjes dwaan? En hoe foarkom ik dat se op ferkearde sites belânje? Dat binne fragen dêr’t wy antwurd op jouwe’, leit Bea út. ‘Sa helpe wy heiten en memmen by it finen fan de goede balâns tusken de digitale en de echte wrâld.’
Sa helpe wy heiten en memmen by it finen fan de goede balâns tusken de digitale en de echte wrâld
Ek op de berne-opfanglokaasjes en BSO-fêstigings fan Timpaan tinke de meiwurkers goed nei oer it ferstannich brûken fan de tablet of telefyzje. ‘Nim bygelyks it foarlêzen oan de lytskes’, knikt Bea. ‘Wy kieze der foar om foar te lêzen út papieren boeken, mar dy soms oan te foljen mei de digitale mooglikheden. In ferhaal oer in brânwachtauto kinst fierder ta libben bringe mei it lûd fan de sirene of in filmke fan sa’n auto. Telefyzje sjen dogge we net mei bern ûnder de twa jier, want by dy lytskes ûntwikkelet it brein him benammen op basis fan hannelingen dy’t se yn de echte wrâld dwaan kinne.’
Online in eachje yn it seil
De fraach bliuwt lykwols hoe’tst dyn ukje online yn de gaten hâlde kinst. Bea jout as tip om de tablet te ‘casten’ nei de telefyzje. ‘Troch dy ferbining ferskynt it byld fan de tablet op dyn telefyzje en kinst sadwaande sels sjen wat dyn bern docht en sjocht.’ Ek it ynstallearjen fan in saneamd “kinderfilter” op de kompjûter en laptop is in goeie tip. ‘En der binne tsjintwurdich in hiel soad apps en websites spesjaal foar de alderlytsten. Dan bist wis dat se gjin frjemde dingen tsjinkomme’, wit Bea.
By pake en beppe thús
Mar hoe sit dat dan by pake en beppe thús? Dy ha somtiden sels noch mar krekt in tablet, en witte amper hoe’t er oan en út moat. Rennie Niezink, âldereinwurker by Timpaan Welzijn, laket. ‘As ik sjoch wat myn beppesizzers allegearre al kinne, falt my de mûle iepen. In hiel soad âlderen hawwe net safolle feeling mei de digitale wrâld. Wy merke dat der hieltyd mear belangstelling komt foar kursussen dy’t rjochte binne op it byhâlden fan de pake- en beppesizzers.’
Wy merke dat der hieltyd mear belangstelling komt foar kursussen dy’t rjochte binne op it byhâlden fan de pake- en beppesizzers
Oer ien ding binne Bea en Rennie it yn alle gefallen iens. Ek jonge âlders ha noch wol hiel wat te learen as it om harren eigen mediagedrach giet. ‘Us belangrykste tip: jou sels it goede foarbyld. Dus net de hiele tiid op de telefoan sjen of dyn mail checke ûnder iten, want dat meie dyn bern ommers ek net.’
5 mediawiisheid tips & trúks foar heit en mem
Meitsje heldere ôfspraken oer de tiid, wat wol en net mei en wa’t wannear oan de beurt is. Brûk in kôkwekker om de tiid by te hâlden.
Sykje nei de kombinaasje tusken echt en digitaal: lês in digitaal boek oer alderhande bisten, mar gean ek mei de bern nei de bernebuorkerij.
Hâld altyd in eachje yn it seil: bygelyks troch de tablet op de tv te streamen.
Soargje foar goeie filters op de laptop en tablet en keapje in eigen tablet foar de bern, sadat se net by wichtige dokuminten fan it wurk of priveedingen komme kinne.
Doch en sjoch mei as dyn ukje op de tablet is en praat deroer. Wat dogge se, wat sjogge se? Meitsje der foar jim beiden in gesellich momint fan.
Maksimale tiid achter it byldskerm foar bern fan 0-6 jier
oant 2 jier: 5 minuten
2 – 4 jier: 30 minuten
4 – 6 jier: 60 minuten