Dyn bern wurdt in puber en hyltyd selsstanniger. En hy hat in eigen miening! Nei alle gedachten ek oer de middelbere skoalle dêr’t hy it leafste hinne wol. Hooplik kinne jim der meielkoar útkomme. Yn it fuortset ûnderwiis binne der ferskate lokaasjes yn Fryslân mei in trijetalige stream (MFU). Dêrneist wurdt op in tal skoallen yn it fuortset ûnderwiis ynstruksjeûnderwiis yn it Nederlânsk en it Ingelsk jûn. Dat is it saneamde TTO, ‘tweetalig onderwijs’. De MFU stream wurdt hyltyd belangriker en bekender trochdat it meartalich fuortset ûnderwiis twa belangrike doelen neistribbet: it fergrutsjen fan de taalbehearsking fan learlingen en it opdwaan fan in ynternasjonale oriïntaasje.
By meartalich fuortset ûnderwiis wurdt by in part fan de net-talefakken Ingelsk en Frysk as ynstruksje- en kommunikaasjetaal brûkt. Foarbylden fan sokke fakken binne skiednis, muzyk, ierdrykskunde en wiskunde. Yn dizze lessen en bûtenskoalske aktiviteiten prate dosinten en learlingen gjin Nederlânsk, mar Ingelsk of Frysk. By oare lessen wurdt gewoan Nederlânsk praat.
Meartalich ûnderwiis is dus it oerweagjen wurdich. Oerlis it ris mei dyn puber en bring in besite oan in skoalle dy’t meartalich ûnderwiis oanbiedt om te sjen oft it wat foar jim is. Freegje de skoalle nei it taalbelied, binne der ôfspraken makke oer it brûken fan meardere talen? It stiet fansels hiel goed op it CV fan dyn bern, dat hy of sy meardere talen behearsket!