Zoek op inhoud

Magazines

Heit & Mem

2016 #1

Ferneamd: Minne

Mem en ferslaafd

‘Een gemiste oproep… Ik app even terug dat ik midden in een interview zit, dat komt interessant over, hihi!’ It typearret Miranda Tinga út It Hearrenfean: iepen, humoristysk, earlik en rjocht foar de raap. Mar ek ferslavingsgefoelich. En dêr gong it mis. Tsien jier lang wie se ferslaafd, earst oan heroïne, letter oan alkohol. Yn heit&mem fertelt se watfoar ynfloed at dat hie op harsels en de bern.  

Coeliakie: oer de holle sjoen en ûnbegrepen

Coeliakie (sprek út: seuliakíé) is in opfallende namme foar in tige ferfelende oandwaning dy’t by de measte minsken better bekend is as glutenyntolerânsje. Minsken mei in glutenyntolerânsje kinne net oer gluten. Dat is in groep aaiwiten dy’t je ûnder oaren fine yn bepaalde nôtsoarten, lykas weet, rogge en spjelt. Hjouwer is op himsels glutenfrij, mar yn Nederlân is de hjouwer meastal besmet mei weet en dêrtroch kinne Coeliakiepasjinten dy nôtsoarte ek net ite. It al ynnimmen fan gluten soarget by Coeliakie foar skea oan it slymflues fan de tinne term en de termflokken. It feroarsaket boppedat in ferskaat oan búkklachten.