Zoek op inhoud

Foar de jierdei fan Jarich mei Lytse Ezel fan mem in kadoke foar Jarich útsykje. Yn de foar him oerweldigjende boartersguodwinkel sjocht Lytse Ezel folle mear boartersguod as op syn keammerke. Tusken de ladingen boartersguod falt Lytse Ezel syn each op in prachtich moaie draak, wêrop’t hy de beslissing nimt dat hy de draak kado jout oan Jarich. Mar thús oankaam, fynt Lytse Ezel it spitich dat hy de draak weijaan moat en giet hy op syk nei allegearre manieren om de draak mar net fuortjaan te hoegen. Sil Jarich syn kado noch krije? 

 

De foarmjouwing fan it boekje is hiel moai, trochdat der gebrûk makke is fan echte materialen. Sa as bygelyks it echte kadopapier dat om it kado fan Jarich sit. Ek de omjouwing dêr’t de bisten wenje, in prachtich berchgebiet, is hiel moai foarmjûn. De frisse kleurkes binne ek in goede oanfolling, omdat se it boek fleuriger meitsje.

 

 

 

Yn it boekje sit in moai boadskip, nammentlik dat je wolris wat weijaan moatte, hoe dreech dat soms ek wêze kin.

 

Kwa styl is it boekje foar elkenien wol te begripen, omdat it foaral út dialogen bestiet. Der wurdt in protte sein yn it boekje, sa as memmen mar ek bern it sizze soenen. De dialogen kinne neffens my goed helpe by it praten learen. Dat makket it boek, dat wol oer bisten giet, wer realistysk, mar dochs goed te begripen.

Yn it boekje sit in moai boadskip, nammentlik dat je wolris wat weijaan moatte, hoe dreech dat soms ek wêze kin. It grappige fan dit boekje is dan ek dat hast elke âlder wolris itselde senario meimakke hat. Fanút eigen perspektyf, mar ek fanút it perspektyf fan de bern. Dit boekje is dêrom in oanrieder as dat probleem him wolris foardien hat en as der socht wurdt nei in boek mei in moai boadskip.

Koartom, in moai lêsboek foar bern mar ek foar folwoeksenen, want sis no sels, elkenien wol wolris in kado foar himsels hâlde.

 

‘Lytse Ezel – Jarich syn jierdei’ is foar € 5,00 hjir online te bestellen.

-> Fleur is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.