Tik tik tik. Trije aaien yn it skriezenêst binne al út. Mar it pykje yn it fjirde aai kin de dop net stikken krije. Dêrom wurdt Pykje Fjouwer samar troch syn famylje achterlitten. Fuortdaalk komt er yn de problemen. Gelokkich nimt Kealtsje him mei nei de pleats fan Yfke. Dêr fielt Pykje Fjouwer him al gau thús tusken de oare bisten. Mar as it jier ferstrykt, begjint it by him te kribeljen. Pykje Fjouwer wol fleane. Hiel fier. Miskien wol nei Afrika. Dat fynt Kealtsje net sa’n goed idee. Want sil er syn skriezefreontsje oait noch wol werom sjen? Pykje Fjouwer is in oade oan it Fryske lânskip. Yn it boek binne greidefûgels, buorkerijbisten, blommen, krûden en ynsekten te finen. Achteryn steane ek noch nijsgjirrige feiten oer de skries: Kening fan ‘e Greide. Foar alle bern dy’t fan de natuer hâlde en der nóch mear oer witte wolle. Skriuwer: Lida Dykstra ‘Pykje Fjouwer’ is hjir foar €14,95 online te bestellen.
|
Jeltje: “Pykje Fjouwer is in prachtich moai boek foar bern. Leeftiid makket net út. De tekeningen meitsje dat ús bern hielendal yn it boek ferdwine. In dikke oanrieder foar elk bern!” Sjoch hjir de hiele resinsje fan Jeltje. Henny: “It boek fertelt oer de krêft fan freonskip, oer it op eigen fuotten stean, aventoeren belibje, fereale wurde, betrouwen hawwe… en lykas yn elts berneboek komt it altyd goed.” Sjoch hjir foar de hiele resinsje fan Henny. Tante Tjits: “Achteryn it boek stiet ynformaasje oer de skries. Dat makket it boek hiel geskikt foar wat âldere bern en om te brûken op skoalle. It klassike ‘Simmermoarn-sankje’ is in feest fan herkenning foar noch wat âlder. Ik koe mar ien kûplet, mar de bisten yn it printeboek ha gelyk: se sitte der allegear yn. Dat is in leuk sykspultsje as ekstra bonus. En: dat spultsje kinst ek bûten dwaan!” Lês hjir de folsleine resinsje. |