Yn ‘Mol yn ‘e snie’ giet mol op ûntdekkingsreis yn de snie en fynt wat hiel moais…
Ek yn dizze rige: Mol hat in geheim Auteur: Jonathan Emmett
|
Anneke Postma Hassing:
“De omslach fan it boek is lyk al pakkend; it boek glitteret! Elin en Mare kinne de eagen der net fan ôf hâlde. It boek giet oer het sjen fan magy, wylst it eins gjin magy is. It is mar krekt hoe oftst it besjochst. Dit boek krûpt yn ‘e holle fan bern; hoe sy de wrâld sjogge troch harren ‘toverbril’.”
Lês hjir de folsleine resinsje fan Anneke.
Hilde van Kalsbeek:
“It boek giet oer Mol dy ‘t op aventoer giet yn de snie. Mol hat noch net earder snie sjoen. Snie hat altyd wat magysk. Marij is dalik ûnder de yndruk: “Wannear komt hjir wer snie? En hoe kin dat dan mei dy ‘toverdiamanten’? In prachtich foarlêsboek foar jonges en famkes (4-6 jier) oer de toverkrêften fan de natoer. In boek mei bisten yn de haadrol, dat ynspilet op de fantasy fan bern.”
Lês hjir de folsleine resinsje fan Hilde.