Zoek op inhoud

Lêstip fan Keimpe: Joazefine fiert fakânsje

In hearlik printeboek foar yn de simmer en de fakânsje-perioade!

De postboade is mei fakânsje en stjoert syn freonen in kaartsje. “Fakânsjefiere, dat wol ik ek”, tinkt Joazefine. Dus se pakt har tas yn en draaft nei de bushalte. As der nei in pear oeren noch hieltyd gjin bus foarbykommen is, rint se teloarsteld werom rjochting de buorkerij. Mar ûnderweis ûntdekt se flak by hûs in prachtich fakânsjeplakje! Dêr hat se in soad fakânsjewille, mar wat fine se dêr op ‘e buorkerij fan?

De resinsje fan Klaske: Joazefine fiert fakânsje

Wat sit dêr yn de brievebus? In kadootsje! En wat is der no moaier as wannear’t dat kadootsje ek noch op je jierdei yn de bus sit. Joazefine fiert fakânsje, dat komt goed út, want wy fiere ek fakânsje op de pleats.

Knuffel Joazefine de ko

Skattige knuffel fan Joazefine de ko, bekend fan de humoristyske printeboeken: Wêr sit Joazefine, Joazefine is siik en Joazefine fiert fakânsje.

Om út te printsjen

Klik op it plaatsje foar de pdf

Joazefine fiert fakânsje

De postboade is mei fakânsje en stjoert syn freonen in kaartsje. ‘Fakânsjefiere, dat wol ik ek’, tinkt Joazefine, dus se pakt har tas yn en draaft nei de bushalte. As der nei in pear oeren noch hieltyd gjin bus foarbykommen is, rint se teloarsteld werom rjochting de buorkerij. Mar ûnderweis ûntdekt se flak by hûs in prachtich fakânsjeplakje. Dêr hat se in soad fakânsjewille, mar wat fine se dêr op ‘e buorkerij fan?