‘Sirkus PeM en de ûlewapper’ is de lêstip fan Keimpe fan de moanne febrewaris!
Pier en Marieke wenje neist elkoar. Se binne beide acht jier en dikke maatsjes. Ferfele dogge se harren noait. Se ha fantasy genôch en fine alle kearen wer wat nijs út.
Op in dei sette se sels in hiele sirkusfoarstelling op tou! Al giet net alles sa’t se it bedoeld ha. Dy goeie bedoelings pakke wol faker ferkeard út by de brike aventoeren fan Pier en Marieke.
Mar al hoe mâl oft it soms ek giet, meastal rint it dochs noch goed ôf. Teminsten… foar Pier en Marieke.
Ferhalen foar bern fan 6 jier ôf.
‘Sirkus PeM en de ûlewapper’ fan Mindert Wijnstra is foar € 14,95 hjir online te bestellen yn de Afûk websjop!
Sandra, fan it Afûk Boekpanel lies it boek ‘Sirkus PeM en de ûlewapper’ en skreau dêr it folgjende oer:
“Alle jûnen ien ferhaaltsje foar ús dochter Femke fan 7. Se fynt it geweldich. De ferhaaltsjes binne werkenber, want ús dochter hat ek in jonkjeskammeraat dy’t flakby wennet. Somtiden bringe de ferhaaltsjes fan Pier en Marieke harren sels op ideeën. Sa ha se ek tegearre koekjes oan it bakken en oan it ferkeapjen west yn de strjitte, krekt as Pier en Marieke, de twa haadpersoanen yn it boek. Ik lês de ferhaaltsjes no noch foar, mar ik tink dat de ferhaaltsjes ek hiel geskikt binne om sels te lêzen at de bern krekt wat âlder binne. In oanwinst foar ús boekekast!”
Ynsjochfilmke!
< folget >
Meitsje dyn eigen blikjetelefoan!
Pier en Marieke meitsje yn it ferhaal in âlderwetsk mobyltsje fan twa grienteblikjes en in ein draakjetou (= vliegertouw). Dat kin echt! Sjoch mar ris nei dit filmke fan Schooltv.
Sokke bliktelefoans waarden yn it ferline en yn fiere, earme lannen ek werklik brûkt. Meitsje mei-inoar in bliktelefoan. Sykje twa gelikense grienteblikken, weakje it etiket derôf en meitsje se goed skjin. (Wol oppasse, yn in blikje kinst dy raar snije.) Snij in stik draakjetou ôf fan likernôch 10 meter. Meitsje mei in spiker in gatsje yn ’e midden fan de boaiem fan elk blikje. Helje it tou oan wjerskanten troch de gatsjes, en set it fêst mei in knoopke. Prebearje de telefoan yn de gong of bûten út. De iene hâldt in blikje tsjin it ear, de oare praat der hiel sêft yn. Pas op: it tou moat goed strak stean, oars wurket it net. Kinsto betinke hoe’t de bliktelefoan wurket?
(Utlis: Troch de trilling fan dyn stim, begjint de lucht yn it blikje te triljen. De boaiem fan it blikje jout dy trilling troch fia it tou, nei de lucht en de boaiem fan it oare blikje, dy’t de trilling wer omset yn lûd.)
———————————————————————-
Sjonge! Sjong mei mei it ferske ‘Iten mei in P
Sjoch hjirûnder foar de tekst en bledmuzyk.
———————————————————————-
Der binne online ek leuke filmkes te sjen dy’t passe by de ferhaaltsjes yn it boek!
Klik hjir foar: It Snertkonsert.
Pier en Marike sille koekjes bakke om te ferkeapjen. Foar it goeie doel. Mar wat as de koekjes net lekker binne?
Klik hjir foar: it filmke ‘Koekjes’.
Pier en Marike sille koekjes bakke om te ferkeapjen. Foar it goeie doel. Mar wat as de koekjes net lekker binne?
Op tsjil.omropfryslan.nl binne noch mear filmkes oer Pier en Marieke te finen!
Kleurplaat
In moaie sirkus-kleurplaat. Lekker kleurje!
(Klik op it plaatsje foar de download.)
(klik op it plaatsje foar download.) |
(Klik op it plaatsje foar download.) |
Mear witte oer Keimpe? Sjoch op Keimpe.frl!
Wistest dat der ek in prachtige Keimpe-hânpop-knuffel te keap is?