Keimpe mei graach boeken lêze. Hy jout ús hjir elke moanne de bêste boeketips foar bern op de basisskoalle. By elke boeketip krigest der Keimpe der ek wat by. Lykas in kleurplaat, in lesbrief, in filmke, opdrachten en fansels resinsjes. Wy winskje dy in protte (foar)lêswille ta!
Abe ferhuzet nei in hûs mei in grutte tún. As der in famke foar it stek stiet krûpt er gau ûnder in strúk. Omdat hy yn syn foarige wenplak pleage waard, doart er no net mear mei oare bern te boartsjen. Mar al gau fernimt er dat er net allinne is ûnder dy strúk … in brún bultsje mei in swiere bromstim en wapperjende hantsjes komt yn beweging. Wat is dat dochs?! En wat wol it famke fan him?
In sfearfol ferhaal oer in jonkje dat syn eangst oerwint mei prachtige yllustraasjes.
Foar bern fan 5-9 jier.
Tialda Hoogeveen (1974) waard berne yn Haskerdiken yn in hûs mei in grutte tún, midden tusken de greiden. Se hat har wurk makke fan har leafde foar ferhalen en de natoer. Tialda is sjoernalist en skriuwer en hat ferskate Nederlânsktalige boeken skreaun, foar bern en folwoeksenen.
Yke Reeder (1973) fynt beamkeklimme noch altyd leuk. As bern wie se graach bûtendoar om hutten te bouwen en tekene se ek al alles wat los en fêst siet. Yke sylde de heale wrâld oer en is yllustrator, dosint en ûndersiker. Har leafde foar de natuer en ferbyldingskrêft fynst yn dit boek werom.
It boek is hjir foar € 14,95 te bestellen.
RESINSJES
Hilde: ‘It begjin fan it ferhaal is wol wat spannend. Al gau krijt it personaazje ‘Aardichman’ wat mear betsjutting. It boek jout in moaie ôfwikseling tusken ferbylding en werklikheid. Freonskip stiet sintraal, mar ek de âlde brânspuitauto fan pake komt hieltyd werom. It boek makket nijsgjirrich oant de ein.’
Lês de folsleine resinsje op heitenmem.nl.
Jitske Nynke: “Abe sleat ik fuortendaliks yn myn hert. Wat in skrander en leaf jonkje. Mar ek in jonkje dat goed wit wat er wol. Dy’t him ien fielt mei de natoer om him hinne.”
Lês de folsleine resinsje op heitenmem.nl
FILMKE
TEKENOPDRACHT
Abe is ferhuze nei in hûs mei in grutte tún.
Hy is noch wat allinnich. Kinsto tusken de bledsjes de Aardichman tekenje? En ek in Modderman? Kinsto ek noch oare freonen fersinne en de bledsjes ynkleure? En miskien is it wol feest yn e strûken. Of reint it. Brûk dyn fantasy en lit it mar sjen yn dizze kleurplaat.
Hokker bistkes kinsto allegear fine yn dizze sykplaat? Download hjir de pdf.
MEITSJE IN NIJE FREON
Freonen binne wichtich. In hûn, klasgenoat, buorfamke of knuffelbear.
Of: in nije sels betochte freon!
Troch dizze fragen te beantwurdzjen, kinst dyn eigen nije freon betinke.
Alles watst betinkst bestiet.