Zoek op inhoud

Frysk, Ingelsk, Hollânsk, Syrysk, braille of gebeartetaal: Yn ien fan de grutste LF2018-projekten is romte foar álle talen. De rykdom fan taal fiere, en sjen litte dat der foar elke memmetaal plak is, dat wolle de organisaasjes efter Lân fan taal de taskôger meijaan. Wy fregen Anne Graswinckel, projektlieder edukaasje fan Lân fan taal, om in taljochting te jaan oan ’e hân fan inkele fan harren eigen statements.

Vier de taal

‘Lân fan taal wol minsken bewust meitsje fan taal yn al syn fasetten. Wat is de rol fan taal yn dyn libben, hoe giest mei taal om. Kommunikaasje is mear as inkeld wurden en wurdt ynset yn safolle ferskillende sitewaasjes’, seit Anne.
Tegearre sitte wy op in bankje yn de Prinsetún en Anne leit út wêr’t se op doelt: ‘Sjoch, dy jongeren, dat binne neffens my studinten. Dy beide oaren binne de dosinten en je kinne dêr sa út opmeitsje wat sa ûngefear de rangoarder yn de groep is. Dêre lizze boaten oan ’e kant, dy boatsjeminsken witte presys wêr’t dat wol en net mei. Wy minsken kommunisearje boppedat sa’n 70 persint fan de tiid op non-ferbale wize, dus sûnder wurden. Mei Lân fan taal wolle wy der yn 2018 in unyk taalfeest fan meitsje, foar alle soarten taal.’

Taal geeft betekenis

‘Taal jout betsjutting oan jins libben. Want ek al seit immen “ik ha neat mei taal”, dochs hinget alles yn ús libben gear mei taal. Ferbaal, non-ferbaal en rûnom yn de maatskippij. Wy wolle minsken bewust meitsje fan de rol fan taal yn har libben. Hoe fielt taal, hoe rûkt taal? Bist in taalleafhawwer of hast it dreech mei taal troch bygelyks fysike problemen sa as dôvens? It is wichtich om te learen dysels te uterjen yn taal, hoe maklik of just ûngemaklik dat somtiden ek is’, leit Anne út en ûnderwilens wiist se nei de jongeren: ‘Sjoch, sy kommunisearje de hiele dei, ek al binne sy harren dêr net bewust fan. Wy soene taal foar harren mear betsjutting jaan wolle.’

Laat taal leven

Lân fan taal is in projekt fan ferskate organisaasjes dy’t allegearre op de ien as oare wize mei taal dwaande binne, sa as bygelyks Provinsje Fryslân, Afûk, Fryske Akademy, Neushoorn, Tryater en de biblioteek.
‘Binnen Lân fan taal binne wy mei in hiele protte organisaasjes in partnerskip oangien. Alle partners hawwe in part fan it projekt yn hannen en sy wurkje allegearre fanút deselde kearn: talen in oar plak te jaan yn je bewustwêzen. Taal libbet, soargje der goed foar, sizze wy. As je in taal, hokker dan ek, net brûke, giet er dea.’

Spreek je uit

‘Oft it no giet om Frysk of Papiamintsk; sprek dy út. Jou dyn memmetaal in plak yn dyn libben, hoe lyts dy taal ek mar is. Wy wolle mar sizze, wa bisto yn kombinaasje mei taal? Hoe giest ferbaal en non-ferbaal mei dyn omjouwing om? Sprekt in Grinzer in oare non-ferbale taal as in Fries? Hokker taal is de taal fan dyn hert? Wat is dyn motivaasje om dyn memmetaal te brûken? Watfoar taal wolst dyn bern meijaan? De memmetaal is tige wichtich foar minsken, en dan makket it net út wêr’t je weikomme of hokker taal dat is.’

 

Taal jout betsjutting oan jins libben.

 

Speel met taal

‘Fyn in fijne wize om utering te jaan oan wa’tsto bist. Oftst dat no sjongend, tekenjend, dichtsjend of dûnsjend dochst, by de Lân fan taal-aktiviteiten kin soks allegear. Siart (red.: Smit, projektlieder Lân fan taal) hat it dan oer de onstoffelijke kwaliteit fan taal: dyn leafde foar taal en de needsaak om dy te uterjen. Op ús website fynst in grutte samling aktiviteiten en it programma groeit noch hyltyd. Je kinne in besite bringe oan de Taletún, oan taalekspo OBE, mar bygelyks DNALWD2018 en 8ste dag hearre ek by ús taalfeest. It oanbod is sa grut dat wy minsken dan ek oanriede wolle om op www.lanfantaal.frl lekker om te strunen en sa al fan alles te ûntdekken.’

Ljouwert-Fryslân 2018 wol graach in saneamde legacy, in erfskip, neilitte nei 2018. Anne dêroer: ‘Wy wolle taal in oar plak jaan yn ús maatskippij, yn ús bewustwêzen. Je hoege net fêst te hâlden oan hoe’t je it altyd dien hawwe. Guon fan ús projekten rinne troch oant en mei 2020. Dêrmei, en dus mei Lân fan Taal yn it algemien, wolle wy minsken fan alle leeftiden in oare wize fan tinken meijaan, sadat sy doare te skriuwen, te lêzen, te dûnsjen en te dichtsjen yn har eigen taal. Hokker taal dat dan ek mar is.’

Troch: Janneke de Boer

Út: heit&mem nr. 2 2017

 

Foto’s Lân fan Taal: Tryntsje nauta en Heleen Haijtema