It is feest! Want der komt in gloednije jierdeikalinder út mei ferskes fan Geartsje Douma én sy hat har jierdei op skrikkeldei.
Komme jim dat mei ús fieren?
Geartsje sil foarlêze út ‘Feest foar Wemke’. Mar wy sille ek ferskes sjonge en de bern kinne nifelje.

Wannear?: Freed 28 febrewaris
Hoe let?: 10.30 – 11.30 oere
Wêr?: Afûkwinkel, Bûterhoeke 3 yn Ljouwert
Foar wa?: Pjutten
Kosten?: fergees
Wat?: foarlêze, sjonge, taart, kadootsje, nifelje
Wêrom?: Want der komt in gloednije jierdeikalinder út mei ferskes fan Geartsje Douma én sy hat har jierdei op skrikkeldei.
Hoe?: Folje hjirûnder it oanmeldformulier yn.
Yn de winkel fan de Afûk fynst de moaiste berneboeken! Mar ék dizze nije jierdeikalinder is yn de Afûkwinkel te keap.
Meist fansels dyn moaiste (feest)-klean oan!
Feest-foarlêsmoarn
"*" geeft vereiste velden aan