U wordt op school verwacht voor het tien-minutengesprek met de leerkracht van uw zoon/dochter op …… (datum), om …… (tijd).
Sit jim bern op de basisskoalle, dan ûntkomst der net oan en krijst trije kear yn it jier sa’n bryfke ûnder eagen. It is wer safier: juf/meester wol de resultaten fan jim bern beprate yn tsien minuten. Meastentiids binne sifers en skoares fan toetsen de oanlieding. Foar in protte âlders ít momint om yn ’e stress te sjitten. Allinne al it idee dat jim leafste yn tsien minuten passe moat, ferheget de hertslach. Foardatst it witst, sitst jim bern te ferdigenjen omdat de kurves en diagrammen wat oars oanwize as ‘gemiddeld’ of ‘lykas ferwachte’.
Hoe kinst dy no goed tariede op in tsien-minutegesprek?
1. Meitsje thús in listke fan watst graach beprate wolste en fertel fuort oan it begjin fan it gesprek wêr’tsto it graach (ek) oer hawwe wolste.
2. Giet it goed op skoalle, freegje dan ris wat juf/meester opfalt oan it gedrach fan jim soan of dochter. Wat docht jim bern graach? Mei wa boartet hy of sy op skoalle?
3. Meist derfan útgean dat juf/meester it bêste mei jim bern foarhat. Krityk jaan op de learkrêft is net befoarderlik foar it petear. Kinst ek ris begjinne mei in komplimintsje of fertel in leuk foarfal oer jim soan of dochter.
4. As der wat sein wurdt dat dy net oanstiet, begjin dan net fuort mei skerp werom te sjitten. Juf of meester formulearret it miskien wat ûnhandich. Besykje earst troch te freegjen nei wat der krekt bedoeld wurdt en watsto dwaan kinste om de sitewaasje te ferbetterjen.
5. As de tsien minuten te koart binne om alles te bepraten, freegje dan om in ferfolchôfspraak. It kin helpe ast fuort op papier setst mei hokker fragen ast sitten bleaun bist.