Zoek op inhoud

Namme: Marije Douma (43 jier)

Wennet yn: Utert (Utrecht)

Mei: Osvaldo Padrón Pérez (42 jier) út Meksiko en Itzel Padrón Pérez (4 jier)

 

Wêr komst wei en wêr wennest no?

Oarspronklik kom ik út Snits. Yn 1998 bin ik begûn mei in stúdzje sjoernalistyk yn Utert. Dêr bin ik nei twa jier mei ophâlden. Ik haw doe in skoft yn Barcelona wenne en doe’t ik weromkaam yn Utert haw ik my ynskreaun foar de oplieding Learaar Spaansk. Dêr wurkje ik no as dosint Spaansk.

 

Hoe is Osvaldo hjir bedarre?

Osvaldo trof ik yn 2016 yn Oaxaca, Meksiko. Ik hie doe in jier ûnbetelle ferlof nommen om te reizgjen en frijwilligerswurk te dwaan yn ferskate lannen yn Latynsk-Amearika. Yn Meksiko wurke ik as minskerjochtewaarnimmer. Doe’t ik dêrmei klear wie, woe ik graach de steat Oaxaca kennen leare.

En dêr haw ik Osvaldo moete, yn in hostel dat rund waard troch in Meksikaanske famylje. De twa jier dêrnei kaam Osvaldo hieltyd foar trije moanne nei Nederlân. Om’t hy dan ek wer hieltyd trije moanne werom moast, ha we derfoar keazen om mei-inoar yn Nederlân te wenjen. It feit dat syn twa âldste dochters op dat stuit yn België wenjen giene, spile ek mei. It wie bêst in spannende tiid, omdat Osvaldo slagje moast foar in tal ynboargeringseksamens. Dy moast er meitsje op de Nederlânske ambassade yn Meksiko-Stêd. Uteinlik slagge Osvaldo dêr pas trije moanne foar de berte fan Itzel foar. Wy wiene hiel bliid dat er dêrnei yn Nederlân bliuwe mocht en dat er by de befalling wêze koe.

 

Hokker taal/talen prate jimme thús?

Wy prate beide ús eigen taal mei Itzel. Myn memmetaal is Frysk en dat prate Itzel en ik dus ek mei-inoar. Mei har papá (heit yn it Spaansk) praat Itzel Spaansk. Dy taal prate Osvaldo en ik tegearre ek.

Osvaldo ferstiet gjin Frysk, mar as wy bygelyks oan tafel sitte te iten en mei-inoar prate, fertaal ik meastal wat Itzel en ik tsjin elkoar sizze nei it Spaansk, sadat Osvaldo it ek begrypt. Osvaldo begrypt seker wol in tal fêste sinnen yn it Frysk, lykas: “Net op ‘e grûn goaie” en “sjoch ris”.

Hoe belangryk is Fryslân/de Fryske taal foar dy?

Hiel belangryk! Doe’t ik yn ferwachting wie fan Itzel haw ik in soad Spaansk praat tsjin har. Mar doe’t Itzel berne waard, gie ik suver fuortendaliks oer op it Frysk. It Frysk is de taal fan myn famylje en fan myn hert. De taal fan myn thús. It is folslein fanselssprekkend dat ik mei myn dochter Frysk praat.

No’t ik alle dagen Frysk praat, ûntdek ik myn eigen taal wer opnij, en dat fyn ik hiel moai. Ik fyn it ek moai dat der safolle Fryske berneboeken en berneferskes binne tsjintwurdich. Wy hawwe ek al in pear kear by in foarlêsmoarn yn de Afûkwinkel west.

No’t ik al mear as de helte fan myn libben yn Utert wenje, kin ik de rêst en de natuer yn Fryslân hiel bot wurdearje. Snits en Warkum binne foaral plakken dêr’t ik graach mei myn dochter hinne gean om by myn famylje te wêzen. Dêr praat ik ek hieltyd mear Frysk yn winkels, wat ik eartiids noait die! Ik fyn it moai om myn eigen taal prate te kinnen en ik fyn in dei winkeljen yn Snits echt in ferromming ferlike mei it drokke Utert.

 

Opropke!

Wy komme geregeld yn kontakt mei Spaansktalige gesinnen yn Utert, mar folle minder mei Frysktalige. Wy soene graach yn kontakt komme mei Frysktalige gesinnen yn Utert en omkriten.

Reaksjes kinne stjoerd wurde oan ynfo@heitenmem.nl.