Zoek op inhoud

Ik ❤︎ omke / tante


Tante Christien en Femke


Christien (21) wennet by har âlders yn Grou. Se swaait de doar foar my iepen, mei lytse Femke (1,5) op ’e earm. Femke har mem Janneke wennet mei har man en dochter even fierderop. 

Christien: ‘Earst fûn ik it idee dat Janneke swanger wie hiel lestich. Janneke wie noch mar 21, en hoewol’t it popke net pland wie, wie it berntsje-op-komst tige wolkom. Ik hie foar mysels in oare rûte útstippele en hie dat ûnbewust ek foar eagen foar Janneke. It pakte oars út. De swangerskip soarge earst foar ferwidering tusken Janneke en ús, ûnbegryp. Ek ús mem wie wat ôfwachtsjend, mar ús heit sei: ‘We kinne der better ien by ha as ien kwyt reitsje’, en dat wie krekt de draai dy’t wy mei syn allen nedich hienen.’
Doe’t de stoarm delbêde, waard de famylje wer ien en gongen de remmen los. As Christien bygelyks moaie romperkes hingjen seach, naam se dy mei foar it lytse berntsje-ûnderweis, de suskes makken tegearre in gipsbúk en Christien organisearre in babyshower foar Janneke en har freondinnen.

‘Doe’t wy ek noch hearden dat it in famke wurde soe, wienen we hielendal bliid! No’t ik thús studearje moat, de kroegen en winkels sluten binne en ek de measte sosjale kontakten weifalle, is Femke ús ljochtpuntsje yn koroanatiid. Se is hiel blier. Tegearre ha Femke en ik wat ekstra’s, as sitte we op inoars level. Ik fiel it as in hiele sterke bân. Hast alle dagen sjoch ik har even en dan boartsje we, jou ik har in fruithapke, gean we in eintsje om, binne we oan ’t gekjeien op ’e fyts of ûnderweis nei ’t babyswimmen en simmerdeis nim ik har wolris mei nei de pjutte-opfang dêr’t ik in fakânsjebaan ha. Omdat ik myn nichtsje sa’n soad sjoch, bin ik ek hiel thús mei har. As we op strjitte in ferske sjonge, en elkenien sjocht om, soe ik my foarhinne wol twa kear betocht ha, mar no bin ik grutsk dat ik har tante bin. Ik bin tankber en bliid dat Janneke my daliks lytse Femke tabetroud hat. Dat makket it hiel bysûnder. 

Achterôf ha ik der spyt fan dat ik yn ’t begjin sa ôfwizend reagearre. Ik wit no datst soms better dyn eigen gefoel oan ’e kant sette kinst, omdat feroaring ek sa’n soad moais meibringe kin!’

Skriuwer: Ciska Noordmans
Foto: Hippe Kiek Fotografie

Us húshâlding

Alles voor die ene Olympische droom

Het gezin Veltman uit Leeuwarden, bestaande uit Davy (40), Rachel (37), Indy (11), Kai (8) en Raff (4), lijkt op het eerste gezicht heel gewoon. Hij werkt bij de politie, zij is juf en de kinderen gaan met plezier naar de IKC Teresaschool bij hun in de buurt. Er is één verschil met doorsneegezinnen. Indy is topsporter in hart en nieren. Hoe ga je daar als gezin mee om?

De Fryske famyljefloggers

Tjits van der Wal wennet mei har man Jelke en beide bern Sake (hast 6) en Yldau (9 moanne) yn Broeksterwâld. Sy is mem en flogger. Har ‘Tjits flochs’ begjinne steefêst mei de sin ‘in nije dei, in nije floch’ en soms in stevich akkoard op de gitaar derop ta.

Us húshâlding: DCD en ASS

Anna-Neeltje wennet mei har twa bern yn Wolvegea. Se binne net in trochsneed húshâlding en dochs ek wer wol. Anna-Neeltje is ambulant begelieder by Scauting. Jurre is klear foar it transysjeproses en libbet mei ASS. Dochter Marije is sljocht op freerunning, folget de havo, en hat neist DCD ek mei ASS te krijen. Wat soks krekt ynhâldt en watfoar ynfloed dat op harren hat, lizze se graach eefkes út.

Ik vertrek! (Mar dan wol tichtby)

It is in see fan romte wêr’t de famkes fan Hendrik en Maryline Posthumus opgroeie. Yn it griene gers fan Bantegea leit Camping De Bolderik. Yn 2022 naam it pear de camping oer en joech it dy moaie blommenamme. Lykas har bern dy’t se ek nei blommen ferneamd hawwe. Madelief is no fiif jier en Jasmijn twa. Madelief huppelt al hearlik selsstannich oer de camping om as it moai waar is. Wat in bysûnder plak om grut te wurden! 

Dit artikel stond in:

Heit & Mem

2021 #1

Dit kear yn de heit&mem ha wy artikels oer Frysk yn ’e klasse, help by opfieden, brânfeiligens, oer hoe’t je bern belûke by rou, de moaiste Fryske berneboeken en noch folle mear!

Hjirûnder stean alle artikels dy’t ek yn it blêd steane en kinst ek digitaal troch de heit&mem hinne blêderje.

Bekijk magazine