Zoek op inhoud

Heit Syb en Mem Adriana: oer de nammen fan harren bern

Syb van der Ploeg wennet mei syn frou Adriana von Bannisseht en harren bern Sinne (2014) en Jesse (2016) yn it eardere skoalgebou fan Kûbaard. Hoe kamen sy by de nammen foar harren bern?

Adriana: ‘Ik hie earder ris heard fan in famke en in jonkje dy’t Sinne en Rein hieten, dat fûn ik sa moai. De namme Sinne stie foar ús dan ek fuort fêst, dêr ha we noait oan twifele.’ Syb: ‘De sinne komt yn safolle ferskes fan my werom, en de namme past ek by har.’ Doe rekke Adriana yn ferwachting fan in jonkje. Mar de namme Rein… Dat woe mar net. Syb: ‘Ik fûn it wat tsjinstridich, “sinne en rein”, as “zonneschijn en regen”.’ Adriana:

‘En we kamen der net út oer de útspraak. Ik soe Rein sizze yn it Klaaifrysk, Syb yn it Wâldfrysk.’ Syb: ‘Rein koe it dus net wurde. Doe soe it Abe wurde, it hat sels efkes Hidde west.’ Adriana: ‘Noch yn de lêste wike fan de swangerskip foel my de namme Jesse yn.’ Syb: ‘Jesse is in hiele moaie sêfte namme, it hat fan Jezus, en dat sêfte hat Jesse sels ek oer him. Jesse is de perfekte namme foar it jonkje dat er is.’

Tekst: Thea van der Schaaf
Foto: Hippekiek Fotografie

Bertekaartsje Sinne

In glimke fan in ingel
naamst út de himel mei
In gouden sinnestriel
in moaie maitiidsdei
Doch dyn eachjes mar iepen
rik mei de hantsjes nei it ljocht
It is mei wurden net te sizzen
wat de leafde by ús brocht

Bertekaartsje Jesse

In geskink foar ús allen
fan it suverste goud
As in hjerstblêd nei beneden fallen
en ús tabetroud
Set dyn hertsje mar iepen
mei in keammerke foar ús
Lit it streame fol mei leafde
hjir is dyn thús

 

Heit Syb en mem Adriana

‘Heit, ik fyn dy leaf. En ik fyn mem ek leaf. Ik fyn jimme allegear leaf.’ Jesse seit it alle dagen tsjin syn heit en mem. Syn sus Sinne wurdt altyd sjongend wekker. ‘It duorret gjin fiif minuten moarns, dan sjongt se al’, fertelt har heit Syb. ‘Dan pingelt se even wat op de piano, en komt se jubeljend de keuken yn. Dy sjongt álles.’

De Fryske famyljefloggers

Tjits van der Wal wennet mei har man Jelke en beide bern Sake (hast 6) en Yldau (9 moanne) yn Broeksterwâld. Sy is mem en flogger. Har ‘Tjits flochs’ begjinne steefêst mei de sin ‘in nije dei, in nije floch’ en soms in stevich akkoard op de gitaar derop ta.

Dit artikel stond in:

Heit & Mem

2020 #2

Yn dizze heit&mem giet it oer de biologyske toskedokter, in pretecho oan hûs, famylj-opstellingen, jong & blyn, oer heit Syb en mem Adriana en fansels oer de nijste berneboeken en noch folle mear!

Hjirûnder stean alle artikels dy’t ek yn it blêd steane en kinst ek digitaal troch de heit&mem hinne blêderje.

Bekijk magazine