Zoek op inhoud

Gebaretaal is net allinnich foar minsken dy’t dôf binne. It kin ek hiel goed brûkt wurde by babys en jonge bern dy’t noch net (goed) prate. Karin de Jong, fan Taal foar lytskes, jout les yn gebaretaal. Dat docht se ek yn it Frysk en dêrmei is se de iennichste. ‘It is sa’n moai momint ast in gebaar weromkrijst fan dyn bern! En dat yn dyn memmetaal.’

Karin hat sels trije jonges fan respektyflik 4,5 jier, 3 jier en 1,5 jier. Sy is no twa jier dwaande mei gebaretaal en hat in Nederlânsktalige dosinte-oplieding “Baby- en Kindgebaren” dien. ‘Mar ik woe graach trochgean yn it Frysk.’ De gebaren dy’t Karin brûkt, komme út de Nederlânske gebaretaal. ‘Dus ien dy’t gebaren yn it Nederlânsk docht, begrypt my ek en oarsom.’

Poep
Karin fertelt: ‘Us âldste wie 2,5 jier doe’t ik begûn mei gebaretaal. Hy koe al wurden achterelkoar sizze, mar kaam der net út as hy yn ien kear wat fertelle woe. Gebaretaal holp him dêrby. Us twadde wie doe tsien moanne. By him seach ik nei in pear moannen de earste gebaren al werom. Op in bepaald stuit wie hy better te ferstean as syn âldere broer, troch de ûndersteuning fan gebaren.’ Ek de jongste soan brûkt al gebaren. ‘Hiel handich: as hy poept hat, makket er it gebaar foar poep. Dan wit ik wat der gebeure moat!’

Motoryk
Gebaretaal is in goeie ûndersteuning by de spraak- en taalûntwikkeling fan bern. ‘Bern binne fisueel ynsteld. Asto in wurd seist en dêr in gebaar by makkest, ha sy in byld by dat wurd. By bern komt de motoryk earder op gong as de spraak: troch gebaren te brûken, kinne se harren uterje foardat se prate kinne. Bern dy’t yn ’e holle al in hiel soad witte, kinne sa dúdlik meitsje wat se wolle. Dat skeelt in protte frustraasje.’

 

Bern dy’t yn ’e holle al in hiel soad witte, kinne sa dúdlik meitsje wat se wolle. Dat skeelt in protte frustraasje.’

Kommunikaasje
Minsken freegje Karin wolris oft har bern dôf binne, as se sjogge dat Karin gebaretaal brûkt. ‘Dan lis ik it graach út. Kommunikaasje is folle mear as taal allinnich. Watsto dochst mei dyn lichem is like belangryk. Asto in gebaar makkest, sjogge bern dat hiel goed. It is sa’n moai momint as dyn bern sels in gebaar werom makket! By ús jongste seach ik mei fiif moanne dat hy it gebaar foar “mear” makke: hy woe mear drinke. Soms gie it hiel hurd: learde hy yn in pear wiken tiid in soad gebaren derby. It is krekt as mei krûpen en rinnen: elk docht dat op syn eigen tiid.’

Konsekwint
Ast begjint mei gebaretaal is it belangryk om dat konsekwint te dwaan. ‘Leafst de hiele dei troch: meitsje der in gewoante fan. Do hoechst echt net alles watst seist, yn gebaren te dwaan. Meitsje by belangrike dingen, dy’t faak foarkomme, it gebaar derby. Sa as: drinke, ite, sliepe, heit, mem en auto. Op in bepaald stuit giet it fansels, dan tinkst der net iens mear by nei.’ Ek by it boekjelêzen of it sjongen fan ferskes kinst gebaren brûke. ‘Ek dan hoechst net elk wurd mei in gebaar te ûndersteunen. Brûk in pear gebaren, bygelyks as it haadûnderwerp fan it ferhaal of it ferske foarbykomt. Bygelyks in bist, of in trekker of sokssawat.’

Begjin dit jier hat Karin nei twa gastâlders west om út te lizzen hoe’t sy wurket. ‘Sy fûnen it hiel nijsgjirrich en ha fan my leard hoe’t sy gebaretaal yn it Frysk brûke kinne mei de bern.’ Dy bern nimme dat fansels ek mei nei hûs. ‘Ik soe it moai fine as it gewoaner wurdt om neist taal ek gebaren te brûken. Der is eins gjin bern dat de gebaren nét oppakt: se brûke it allegear ast it se oanlearst. Do dochst it noait foar neat!’

Skriuwer: Ciska Noordmans
Foto:Marion Stoffels
Ut: heit&mem nr.2 2022

Dit artikel stond in:

Heit & Mem

2022 #2
Bekijk magazine