Zoek op inhoud

Fol fjoer foar feilichheid

Se wie altyd hiel ûnbefangen yn har wurk. As de piper gie, gie Marlies fol fjoer as ien fan de earsten op ’e brân ôf, sûnder al te bot nei te tinken oer wat se oantreffe koe. No’t se sels mem wurden is, sjocht se oars nei wenningbrannen. ‘Wat as der bern by belutsen binne?’

Marlies de Boer is begjin dit jier mem wurden fan har earste berntsje. In famke, Lotte. Wêr’t freondinnen harren drok makken oer de earste kleantsjes en it merk bernewein, makken Marlies en har man, dy’t plysjeman is, harren foaral drok oer oft it hûs wol feilich wie. Wat binne har tips om dyn hûs (en dat fan de oppas!) brânfeilich te meitsjen foar bern?

Reekmelders
It is sûnt 2022 ferplicht om op alle ferdjippingen fan it hûs in reekmelder te hawwen. Dat hat noch lang net elkenien, is Marlies efter kaam. ‘Foaral yn âldere huzen, bygelyks by pakes en beppes, ûntbrekke der noch wolris in pear.’ Wat neffens Marlies in soad minsken net witte, is datst neat rûkst yn dyn sliep. ‘As der brân ûntstiet, wurdst net wekker fan de geur.’ Datselde jildt foar koalmonokside, datst net rûke kinst, mar ek net sjen. ‘Ek dy melders binne o sa belangryk.’

It fornús út
Net allinne foar in gasfornús jildt datst it útsette moatst ast der by wei rinst. Ek elektrysk of ynduksje moatst útsette, want dêr kin likegoed ‘vlam in de pan’ of in oar ûngemak ûntstean. Keukenbrannen binne noch altyd de meast foarkommende brannen. ‘Je binne sa gau ôflieden tsjintwurdich. Foardatst it witst, bist te lang fuort út de keuken. Lear it dysels oan om it fornús út te setten.’

Lader ûnder it kessen
It is sa maklik: oerdeis de tablets en telefoans brûke en nachts lade. It komt nochal ris foar dat it apparaat ûnder in kessen dellein wurdt, want je wolle gjin berjochten misse fansels. ‘Mar it apparaat kin de waarmte net kwyt en sa kin der brân ûntstean.’ Ek beskermhoezen fan de apparaten kinne de akku te bot opwaarmje, tsjek dat regelmjittich.

Wat neffens Marlies in soad minsken net witte, is datst neat rûkst yn dyn sliep.

Doarren ticht
Brân ferspriedt him flugger as de doarren iepensteane. Logysk, want mei doarren iepen krijt it fjoer mear lucht en hawwe de flammen frij spul. Dêrom: doarren ticht, ek nachts. ‘De fersprieding fan brân nei oare keamers kinst fertraagje troch wiete doeken of klean tsjin de kieren te lizzen. As dy tiid der is, doch dat foaral. En belje dan de brânwacht.’

It flechtplan
Meitsje in flechtplan mei de bern. Wêr kinst it hûs wol en net út? Hoe kinst ûnder komme ast boppe bist? Wa nimt wa en wat mei? Wa fan it gesin kin it bêste rêstich bliuwe en de lieding nimme yn gefal fan need? ‘Lit de bern dêr ek sels oer neitinke en oefenje it miskien in kear. It kin op mominten fan panyk helpe om de rêst te bewarjen.’

Brânwûnen
Doch yn gefal fan brânwûnen by lytse berntsjes fuort de kleantsjes en de pamper út, kuolje 10 minuten mei lau wetter en smar der neat op. Dek it plak ôf mei húshâldfoly; dat plakt net en sa bliuwt it goed sichtber foar de medyske helpferlieners. Hâld it berntsje waarm, mar klaai it net oan. Dan kinne helpferlieners it sa fluch mooglik oernimme.

Bliuw rêstich
Marlies: ‘It is en bliuwt in klisjee, mar it is wol wier. Bliuw rêstich, bring dysels ‒ en as it kin oaren ek ‒ yn feilichheid, en belje 112. Ek as twifelst, belje. De meiwurker op de meldkeamer stelt altyd de goede fragen om te beoardieljen oft en hoefolle help nedich is.’

Lit dy ynformearje
‘It ferfelende is, der moat eins altyd earst wat gebeure foardatst ynsjochst hoe belangryk dit soarte saken binne’, wit Marlies. Dochs is it goed om dy ynformearje te litten. De brânwacht is op in hiel soad eveneminten oanwêzich mei nijsgjirrige aktiviteiten en in protte ynformaasjemateriaal. ‘Wy steane dêr altyd mei in team by om bern te fermeitsjen en folwoeksenen te ynformearjen.’ Marlies har wurk is ek te folgjen op Instagram en Facebook, fia @brandveiliglevenfryslan.

Marlies de Boer wurket by it team ‘brandveilig leven’ fan de Feilichheidsregio Fryslân, dêr’t de brânwacht en de GGD ûnder falle. Se kombinearret har wurk yn Ljouwert mei frijwilligerswurk by de brânwacht fan Burgum, dêr’t se wennet mei har man en dochter Lotte.

Skriuwer: Thea van der Schaaf
Foto: Hippe Kiek Fotografie

Stip yn ’e brânspuitauto

Stip wol graach krekt as pake by de brânwacht. Hy sil mei om de brânspuitauto te waskjen en mei sels even achter it stjoer sitte.

Kartonboekje mei swaailjocht en sirene!

Dit artikel stond in:

Heit & Mem

2024 #2

Dit kear yn de heit&mem ha wy artikels oer Frysk yn ’e klasse, help by opfieden, brânfeiligens, oer hoe’t je bern belûke by rou, de moaiste Fryske berneboeken en noch folle mear!

Hjirûnder stean alle artikels dy’t ek yn it blêd steane en kinst ek digitaal troch de heit&mem hinne blêderje.

Bekijk magazine