Foar altyd yn ús hert
Ien ferlieze docht sear. Fansels wolst, as it in oar oerkomt, dyjinge treaste en moed ynsprekke. Faak stjoere wy in kaartsje. Mar wat setst derop? En wat ast sels ien ferliest? Wat setst yn in advertinsje of op in kaart? It fâlt net altyd ta om de júste wurden te finen.
Om elts yn sokke drege tiden te stypjen hat de Afûk in nij boekje útbrocht: ‘Foar altyd yn ús hert‘.
Yn dit boekje binne moaie Fryske wurden en gedichten sammele oer it ôfskie, de pine, de leafde en de reis nei it grutte ûnbekende.
Ik bin der nea wis fan hoe’t ik teksten yn it geef Frysk op kaartsjes sette moat. Ik bin bliid dat ik no dit boekje by de hân ha.
Ik krych it boekje fan myn freondin doe’t ús mem stoar. Wat in prachtich treastend geskink.
Yn ‘Foar altyd yn ús hert’ steane ek prachtige teksten foar bern.
Efteryn it boekje steane faak brûkte wurden en sinnen dy’tst brûke kinst foar in kaart of advertinsje.
It boekje hat in hurd kaft, is ynbûn en hat 64 siden. Formaat: 14,5 x 14,5 sm.
De prachtige yllustraasjes fan Natalia Maroz falle as in treastende tekken oer dy hinne.
Besjoch hjir it ynsjocheksimplaar.
In treastend kadootsje of in ynspirearjend boekje foar dysels.
It boekje wie op 29 maart ek yn Bynt te sjen! Besjoch hjirûnder it fragmint.
It boekje is no te bestellen foar mar € 8,95 of freegje dernei yn dyn boekhannel.
Poster heit
Poster op A4 formaat mei in gedicht van Dieuwke van der Meer
Lok en leed: Moniek beviel tijdens de uitvaart van haar vader
Moniek Holtrop-Oostra (32) har heit wie slim siik doe’t se yn ferwachting rekke fan har earste berntsje. Har grutste winsk? Dat har heit de baby noch sjen koe. Dat mocht net sa wêze; de tiid helle har yn. Jilke (no hast 2) waard berne ûnder de útfeart fan har heit.