Grutte Jeltje: berne op 2 maart 1956 en wennet yn Sint-Nyk
Lytse Jeltje: berne op 16 maaie 2015 en wennet yn Oentsjerk
Betsjutting Jeltje: Jeltje is in Fryske namme. De namme is ôflaat fan it wurd gelt en dat betsjut weardefol, betelling, ferjilding, offerfeest.
Jeltje Steneker:
‘Jeltje is it suske fan Lieuwe, en dy beiden binne de twaling fan ús dochter Tjitske. Jeltje en Tjitske binne nammen dy’t al mear as 200 jier yn de famylje weromkomme, hieltyd fan mem op dochter en sa troch. Al fan 1700 ôf binne de earste Jeltjes út ús famylje werom te finen, dy wennen yn de omkriten fan Gasterlân. De jongste Jeltje is de njoggende generaasje, foarsafier’t wy neigean kinne.
De twaling is mei 35 wiken berne yn it MCL. Doe’t Tjitske opbelle en fertelde dat de bern der al wienen, wie ik alhiel ferstuivere. Ik hie der hielendal net op rekkene, mar ik fyn it prachtich dat ik no ferneamd bin, in hiele ear. Der sprekt in stikje wurdearring út fan Tjitske en har man. Ik bin der hiel bliid mei, mar as it lytse wyfke in oare namme krigen hie, hie sy my der net minder leaf om west. Us dochter en skoansoan woenen graach ferneame en fûnen Jeltje gelokkich beide in moaie foarnamme. Jeltje en Lieuwe hawwe fan beppe Jeltje en pake Willem allebeide in berteleppel mei ynskripsje krigen. Dat fine wy in moai gebrûk en dêrom hâlde wy dat yn eare. It soe moai wêze as de tradysje fan it ferneamen letter ek wer trochsetten wurdt, mar bern moatte sels kieze kinne. Doe’t ús Tjitske seis jier wie, is der in foto makke fan de fjouwer generaasjes Jeltjes en Tjitskes. Dat wie in moai momint om stil te stean by de oerlevering fan dy nammen. Wa wit kinne wy skielk op ’e nij in foto meitsje mei in lytse Tjitske.’
Ut: De Lytse Heit & Mem 2016/2017
Boeketip: