Zoek op inhoud

ferneamd

Ferneamd: Baukje & Baukje

Baukje hie har beppe al even frege wat sy oandwaan soe op de foto foar dizze heit&mem, en omdat dêr wat griens yn siet, hie se har eigen jurk dêr moai op ôfstimd.

Baukje is 6 jier, wennet yn Garyp en is dwaande mei it heljen fan har swimdiploma A. Se is ien fan de alve beppesizzers fan Baukje Demmer út Burgum. ‘Se binne my fansels allegear like leaf, mar dat de jongste fan it stel Baukje hyt, is wol ekstra bysûnder’, seit Baukje.

Dochter Christina hie doe’t se swanger wie al ris loslitten dat se al in famkesnamme betocht hie. Om’t se de oare bern, twa jonges, ek ferneamd hie, hie Baukje der wolris oan tocht, ‘mar der binne safolle moaie nammen, ik hie it ek snapt as se in oare kar makke hie.’ Beppesizzer Baukje hyt folút Baukje Anna, nei beide beppes. ‘It moaie is,’ fertelt beppe Baukje, ‘ik hie froeger sels ek in beppe Baukje en in beppe Anna.’ En no is lytse Baukje ek noch berne op de bertedei fan de heit fan beppe Baukje. ‘No ha we op ’e nij feest op dy datum!’ 

Baukje har man, Hidde, hat alle alve pake- en beppesizzers meimakke, mar is der sûnt trije jier spitigernôch net mear. Beppesizzer Baukje hat it der wolris dreech mei dat beppe no safolle allinne is. Se is sljocht op beppe en se sjogge elkoar dan ek in soad. Baukje Anna komt mei har broers Hidde Jan en Wessel Atze nammentlik alle freeds te iten by beppe. Baukje: ‘Se komme ek hast alle fakânsjes wol útfanhûs. We hawwe in hechte bân.’ Eins is der net safolle feroare yn de tiid, want har eigen bern gienen ek wol gauris útfanhûs by harren pake en beppe. 

Baukje hat de betsjutting fan har namme wolris opsocht. ‘Strijdbaar, sterk, stie der. No, ik bin miskien wol sterk, mar Hidde, dat wie in echte “strijder”. Hy wie ek o sa grutsk dat er ferneamd wie.’ Krékt sa’t lytse Baukje grutsk is dat se nei beide beppes ferneamd is. 

Troch: Thea van der Schaaf 
Foto: Hippe Kiek Fotografie

By beppe útfanhûs

Mem moat fuort en Maaike sil by beppe útfanhûs. Beppe fynt fan alles út, mar wat letter it wurdt, wat mear Maaike har mem mist. Beppe wit ried, mar no kin beppe sels net mear sliepe…

In prachtich printeboek, geskikt foar bern fan 4 jier en âlder.

Dit artikel stond in:

Heit & Mem

2024 #1

Dit kear yn de heit&mem ha wy artikels oer it analysearjen fan bernetekeningen, it Berne Iepenloftspul, oer jong mem wurde, foto’s fan bern en bisten, de nijste berneboeken en noch folle mear!

Hjirûnder stean alle artikels dy’t ek yn it blêd steane en kinst ek digitaal troch de heit&mem hinne blêderje.

Bekijk magazine
cover