Doe’t ik my opjûn hie foar it boekpanel fan de Afûk, om sa út en troch ris in resinsje te skriuwen oer in nij boek, waard my frege om in stikje te skriuwen oer De parallaks fan Janneke Spoelstra. Fansels like my dat aardich, mar it paste my earst noch net om it boek te lêzen, dus belâne De parallaks earst yn de boekekast. Doe’t ik op 18 april yn de kultuerbylage fan de Ljouwerter Krante in resinsje fan Sietse de Vries oer Janneke Spoelstra lies, tocht ik: oe, dit is ek wol wat, ik moat dêr ek noch wat oer skriuwe!
Ik ha Sietse syn artikel mei in soad nocht lêzen en der sil yn myn stikje hjir en dêr wol wat gelikenis wêze, al sil ik fansels besykje om der wol in eigen slinger oan te jaan.
Yn De parallaks wurde trije lesbyske froulju fan 30, 50 en 70 jier beskreaun. Famk is 30 en har relaasje is krekt út; sy hat in goeie oplieding hân, mar begjint in hûneútlitservice. Lokke is 50; har freondinne is op stúdzjereis, en wyls fermakket sy har mei de natoer, har fee en spesjaal mei har hintsjes. Wyb is 70; sy hat earder troud west mei in man, en dêrnei hat se in lange relaasje hân mei in frou, dy’t no alwer twa jier lyn ferstoarn is, mar dêr’t se noch net oerhinne is. Sy hat in hûn, Mukkes, dêr’t se har tige mei fernuveret. Dy trije libbens rinne yn De parallaks trochinoar hinne. Alle trije ha se it betiden bêst wol swier mei harren foarkar foar froulju, en ek mei de rin fan harren libbenspaad dêrtroch, bygelyks oangeande trouwen en bern (wolle wy dy no wol of krekt net, en wêrom dan wol of net?). Wyb hat wol bern út har eardere houlik, mar in soad écht kontakt is der net.
Janneke Spoelstra besit de keunst om hiel gewoan en fol faasje oer it normale libben te skriuwen. Foaral de leafde foar de natoer komt gauris yn it boek oan bar. Wat foarbylden: “Der leit in platriden jerk op ’e dyk”, “Mei it bitelepke wipte ik de slakken oer de sleat”, en “Ik befrijde in klyster út it ierdbeinet”.
Ho, Lokke, de bouhoeke is foar jonges, de famkes boartsje yn de poppehoeke!
Mar ek it lesbysk-wêzen fan de froulju komt goed ta útdrukking, sels al as it oer harren jeugd giet. Dat docht ûnder oaren bliken út de folgjende stikjes: “As famke keas ik doe foar in klapperpistoaltsje, yn stee fan in pop”, of: “Juf sei: ‘Ho, Lokke, de bouhoeke is foar jonges, de famkes boartsje yn de poppehoeke”. En ek as ien fan de froulju jûns nei in dokumintêre oer asylsikers sjocht, wêryn’t in frou op basis fan har lesbysk-wêzen asyl oanfreget en de ynterviewer seit: “As jo bern hawwe binne jo net écht lesbysk, jo krije gjin asyl en wy stjoere jo werom nei Nigearia.”
Dan fielst, as lêzer, de ferbjustering.
Noch ien sa’n konstatearring: “Ast witst dat der mear binne, dan is dat gerêststellend en bist net mear in útsûndering.”
Ut dy sinnen blykt hieltyd wer de wrakseling mei it lesbysk-wêzen en de akseptaasje troch de ‘bûtenwrâld’. Tuskentroch komme foaral de beskriuwingen fan de natoer hieltyd werom. En dat is wol spesjaal.
Of sa as op side 130 stiet, en dêr wol ik ek mar mei ôfslute: “De parallaks: wat mei jin op liket te reizgjen, makket yn werklikheid syn eigen beweging of stiet stil yn ’e fierte.”
Skreaun troch Wopkje Bergmans út Holwert
‘De Parallaks’ is foar € 16,50 hjir online te bestellen of freegje der nei yn dyn boekhannel.
-> Wopkje is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.