Doe’t we de oprop seagen wa’t dit boek lêze en resinsearje woe, haw ik daliks reagearre. In moaie kâns om wer ris tegearre mei ús âldste (Tieme, 7 jier) in Frysk boek te lêzen.
Wy prate thús Frysk, mar ús bern prate al fan jongs ôf Nederlânsk werom. De reden is ús net bekend, wy hâlde it Frysk fol, yn ‘e hoop dat se it in kear oppakke sille, wa wit?! Dêrom passet it foarlêzen fan in Frysk boek ús sa goed, en seker dit boek: oer in mantsje dat flink ûndogensk is en allegear gekke streken úthellet.
Wy gongen ûnder it lêzen fan ôfgriis nei wille nei ferbazing nei ûngeloof. Elke jûn foar it sliepen gean liezen we in pear bledsiden en waard der lake. Sels seach ik der ek nei út en fûn ik it suver jammer at myn man in kear in jûn foarlies…
Under it lêzen frege Tieme sa no en dan wat in wurd betsjutte, mar it grutste part wie goed te folgjen foar him.
Dat it heel superleuk is en dat Karlsson ûndogensk is. (Tieme 7 jier)
De bêste skilder, boevefanger, babysitter, treinebouwer. Dat is Karlsson fan it dak. En ek in slimme toffee-ôfpakker. Soms in bytsje ûnearlik…
Fan de skriuwster fan Pippi Langkous, no dan witte je it wol, sukses garandearre!
En hoewol’t it boek yn 1955 skreaun is, is it absolút tiidloas. Sawol Tieme as wy as âlders hawwe genoaten fan it boek en syn karakters. Fleanende hûnen, streken úthelje om de boeven skrikke te litten en dwaan as at je in spûk binne, dat bliuwt leuk!
In absolute oanrieder foar ûndernimmende en ek in bytsje ûndogenske bern, en earlik, dat binne we dochs allegear!
Sytske Gietema
It boek ‘Karlsson fan it dak’ is foar € 13,50 hjir online te bestellen.
-> Sytske is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.