Zoek op inhoud

‘Allegear ynstappe!’ seit Stip. Hy hat mei syn beppe in dei fuort west. Se sille werom mei de trein. Casper (2) en ik lêze tegearre it kartonboekje ‘Stip yn ’e trein’. Casper is gek op treinen. Hy wol it leafst boekjes of filmkes sjen mei in trein deryn en boartet alle dagen mei syn houten treinset. It moaiste fan dit boekje is fansels de lûdknop foarop. Dan hearst it fluitsje fan ’e trein, wêrnei’t er ronkjend en toeterjend fuortrydt. Moatst wol goed drukke, it slagget Casper sels noch net. Mar goed oefenje! Ik fyn it wol spitich dat der allinnich in lûdknop op ’e foarkant sit. Dat ferwachtest net as it in lûdeboek is.

Yn ’e trein sitte ek oare bisten. Sa komt der in knyntsje oan yn in rolstoel. Hoe komt hy yn ’e trein? De rolplanke leit al klear. Mar der krûpt ek in mûske tusken de stuollen troch. Wennet er yn ’e trein? Of is hy ek op reis? Der komt in kat om de kaartsjes te knippen en in bear rint by de minsken del mei in karke mei iten en drinken. Underweis dogge Stip en beppe in spultsje: ‘Ik sjoch, ik sjoch. Wat begjint mei de letter “b”?’ Dat spultsje ken Casper noch net, mar syn grutte broer Benn (5) wol. Hy sjocht al dat it de banaan wêze moat.

It boek hat de foarm fan in trein. Dat makket it fansels noch oantrekliker foar pjutten om it boek út de kast te pakken. Op de kleurrike platen is genôch te sjen en op elke side bart wat dat echt by in treinaventoer heart. It ferhaal sprekt ta de ferbylding. De bern wolle nei it lêzen fan it boek sels ek treintsje boartsje. De stuollen op in rige en dan op reis! Nei Amsterdam? Nee, Boalsert. Komt dêr wol in trein dan?

 

‘Stip yn ’e trein’ is foar € 14,99 hjir online te bestellen.

-> Rozemarijn is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.