Op fakânsje! Nei it Amelân! En Tomke giet mei! Alle Tomke-boekjes meie wy graach lêze. Ylse is 3 jier en wit eins net goed wat fakânsje is. Dit boekje liket dêrom fan pas te kommen yn de tarieding op de fakânsje. Dus we lêze it boekje foar it sliepen gean, it ferhaal hat dêr de perfekte lingte foar.
Ylse hat noch gjin goed byld fan op fakânsje gean, mar dat feroaret mei dit boekje. De prachtige bekende yllustraasjes fan Luuk Klazenga en ek it ferhaal jouwe in hiel dúdlik byld fan wat fakânsje ynhâldt. Al mist se wol in plaatsje fan it swimbad. It moaie oan dit boekje is dat it net giet oer in fleantúch, mar gewoan oer nei de camping yn de auto, wat dus yn it bûtenlân, mar ek yn Nederlân wêze kin. As we hast op fakânsje gean, fertelt Ylse ús wat de bedoeling is: wy moatte de koffer ynpakke. En as we ûnderweis binne, fertelt se oer de camping.
We ferbliuwe op in moai fakânsjepark en Ylse werkent in protte út it boekje. It swimbad fansels, jûns is der in bernedisko op it park en fansels ite wy ek patat! Krekt as by Tomke op de camping. Mar gelokkich barden der op it Amelân net sokke gekke dingen as by Tomke ûnder de disko!
Kampearjen hawwe wy net echt dien, want dêr is heit net sa fan. It húske wie ek aardich, mar mem hie noch in goed idee. As we wer thús binne, kampearje wy sabeare yn de wenkeamer, krekt as Tomke! En takom jier, as ús tún klear is, keapet mem in echte tinte en krûpe we mei Tomke yn de sliepsek!
Nynke van der Woude, bernesuster yn it sikehús en mem fan Ylse & Fardau.
‘Tomke op fakânsje’ is foar € 6,50 hjir online te bestellen.
-> Nynke is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.