Yn Gaasterlân wenje de klifminskjes. Se binne sa lyts as in kabouter. Ate is in klifmantsje en moat syn omke helpe. Die kin hast net mear rinne en hat in drankje nedich fan de Seeheks. Eins doart Ate net, want de Seeheks feroaret klifmantsjes yn in dikke brom mich.
It is in grut aventoer om op besite te gean by de Seeheks. Wa’t Gaasterlân in bytsje kin, werkent in protte fan de plakjes yn it boek wêr Ate syn aventoer belibbet. Ús Sybren, Bauke, Hessel en Wytske fine it prachtich en it ferhaal is tige spannend. Se bin dan ek mûsstil en dat is net sa faak it gefal…
It is best in lang ferhaal, mar eefkes oant moarn wachtsje om dan de rest fan it ferhaal te lêzen kin neffens de bern echt net. De tekeningen yn it boek binne keunstwurkjes gelyk. As je fan Gaasterlân hâlde dan kin dit boek eins net yn de boekekast misse. Mar ek as je Gaasterlân noch net kinne, dan is it in superspannend ferhaal om te lêzen!
Klaske Faassen-Buma

Ate en de seeheks
Lâns de Gaasterlânske kliffen wenje de klifminskjes. De kâns datst ien tsjinkomst is net sa grut, want se binne mar hiel lyts en at se minsken sjogge krûpe se gau fuort.
Klifmantsje Ate wennet oan it Marder Klif. Op in dei krijt er in brief fan syn omke, dy’t slim siik is. Hy freget at Ate foar him nei de seeheks yn Laaksum gean wol. Har drankjes hawwe al hiel wat klifminskjes better makke. Mar Ate hat ek heard dat se it net stean hat op klifmannen. Sa is der in ferhaal dat se in kear in klifmantsje feroare hat yn in wjirm. Ate grizelet at er dêroan tinkt. Hy doart net nei dy heks!Mar hy kin syn omke toch net yn ’e steek litte?
De resinsje fan Klaske: Joazefine fiert fakânsje
Wat sit dêr yn de brievebus? In kadootsje! En wat is der no moaier as wannear’t dat kadootsje ek noch op je jierdei yn de bus sit. Joazefine fiert fakânsje, dat komt goed út, want wy fiere ek fakânsje op de pleats.
Gezinnen in alle vormen en maten
Op school leer je nog altijd het klassieke plaatje: vader, moeder en kinderen. Maar anno 2025 zien gezinnen er lang niet altijd zo uit. Bonusouders, samengestelde gezinnen en nieuwe rollen, het hoort er allemaal bij. Zelf merkte ik dat toen ik mijn partner ontmoette, die al twee kinderen had. Voor mij betekende dat een sprong in het diepe: bonusouder worden. En ik ben niet de enige die deze weg bewandelt.