Zoek op inhoud

Ien en al werkenning by dit prachtige berneboek.

Ik bin bliid dat ús middelste it einliks seit, net altyd bliid mei it momint dat er kiest, mar hy seit it. “Ik moat sa noadich, en ik moat no!”

Dit tema sprekt elk bern oan yn de pjutte-/beukerleeftiid. Oft it no thús is, op skoalle, yn de auto, op it boartersplak… It sil dy mar oerkomme! 

It boek sjocht er leaflik út. Snoezige bisten. Hertsje op it hûske.

In grapke op de binnenkant fan de cover. Mei thús oeral potsjes yn hûs kinne se it grapke hielendal oanfiele. “It past net, dat giet mis, o nee!”

Ja, sindlik wurde is net samar wat!

Bisteleafhawwers kinne har hert ophelje. Wat in moaie grutte plaatsjes. It hat wol wat fan “tip de muis” en “krul konijn”. Wat nostalgysk, werom nei de rêst, de ienfâld, dêr gean wy goed op. En wa net tsjintwurdich? Gjin grutte lapen tekst, de plaatsjes binne sprekkend genôch.

Dan sokke moaie details. De útdrukkingen op de gesichten, in bistje út it rút, in swiere tas, berntsje op ‘e earm, fytsers, rinne op ‘e merk, allegear hiel echt, werkenber en alledeisk. Niks bysûnders, deagewoan. 

De oanlieding foar dit ferhaal is net spannend. It gebeurt elkenien wolris. Eva moat sa noadich. Mar dan krijt it ferhaal in hiel spannende draai. Want elkenien springt by foar help. It wurdt in grutte gaos. De groep fan helpers wurdt hieltyd grutter! Komt dit oait noch goed?  

Bist benijd? Dan moatst it boek seker lêze. De bern sille derfan smikkelje. 

Hjir begûnen se te hupsen en te wibeljen fan werkenning. Lokkich koene se it drûch hâlde.

Sels ús âldste koe de ein fan it ferhaal hielendal begripe. Neat geks… Se fersuchte: 

“Dat ha ik no ek wolris…” 

 

Erika van Steensel

Mem fan Saar, Ross en Juul

(Ede)


‘Ik moat sa noadich!’ is foar € 16,95 hjir online te bestellen.

-> Erika is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.