Zoek op inhoud

Yn dit boek krijt Bas de kâns om mei te dwaan oan in útwikseling nei Italië. Hy komt dêr by in gastgesin telâne en giet nei in Italiaanske skoalle. Al lêzendewei komt de lêzer te witten wat der oan ’e hân is mei syn heit. As er yn Italië as in blok foar Julia falt, blykt dat er mear mei har mienskiplik hat as him leaf is. Ek sy hat problemen mei har heit. De fraach is wa’t er leauwe moat, Julia dy’t troch elkenien as in rarenien, as ‘damaged goods’, beskôge wurdt, of har heit dy’t plysjeman is?

Dan brekt der koroana út, giet it need yn Italië en moat Bas halje-trawalje werom nei Fryslân. Dat set it ferhaal op skerp. Hy kiest derfoar om Julia te helpen. Dêrmei stoart er him yn in aventoer dat net hielendal sa ôfrint as er hope hie. Op ’e nij komt de fraach wa syn/har wierheid no wier is.

Der binne in soad flashbacks nei de tiid dat Bas syn heit noch libbe. Dêrtroch wurdt moai dúdlik hoe’t Bas beynfloede is troch alles wat der bard is. Krekt wannear’t it aventoer mei Julia it spannendst is, berikt de ferhaalline oer syn heit ek it hichtepunt (of djiptepunt) en komt alles moai byinoar.

Ik krige in nijsgjirrich ynsjoch yn ’e gedachten en emoasjes fan Bas. Allinne yn it lêste part waard ik dêr minder yn meinommen. Faaks is dat om’t er it sels efkes net mear wit – moast er Julia leauwe of har heit? Mar dan hie ik wol oer syn twivels lêze kinnen. Sels op ’e lêste bledside wurd ik as lêzer yn it ûnwisse litten oer wat Bas dwaan sil. In iepen ein, om nei it lêzen noch fierder dreame te kinnen.

Bas syn heit hat gauris it foardiel fan ’e twivel krigen. Hiene minsken him mar ris it neidiel jûn, dan wie der faaks earder yngrepen. Oan ’e oare kant jout Bas Julia yn it earstoan it foardiel, mar letter it neidiel fan ’e twivel. Wat is de wierheid en hoe kinne wy dy witte? Dat liket ymplisyt in djippere fraach yn dit ferhaal te wêzen. En it is fêst net tafallich dat dy fraach wol hiel aktueel wie yn ’e koroanatiid.

Dit boek is in echte oanrieder foar alle (jonge) minsken dy’t hâlde fan psychologyske romans.

 

Dizze resinsje is skreaun troch Aukje-Tjitske.

 

 

 

It neidiel fan ‘e twivel is foar € 16,95 hjir online te bestellen.

-> Aukje-Tjitske is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.