Zoek op inhoud

By de boeken fan Baukje Wytsma tink ik gauris oan de boeken dy’t se mei Akky van der Veer skreau: oer frou Hilarides dy’t mei har wylde hier fan alles belibbe en ek noch by ús op skoalle kaam. Se namen de aktualiteit mei yn harren foarstellingen en ferhalen. Hoe sit dat mei dit boek? Mei in skean each nei myn eigen basisskoaltiid begjin ik te lêzen.

Se lykje miskien wol wat opinoar, Miss Dee en frou Hilarides. Lêze, boeken, kranten, de hûn en de kat. Mar foaral: in hûs fol ferhalen. Miss Dee hoecht allinnich net mear oeral hinne, se giet werom nei har roots, sammelt en bewarret wat se meimakke hat yn har libben. De huodsjes dy’t se earder op hie, herinneringen oan in oar libben, lizze yn de fitrinekast.

Silke dan, in famke dat in protte fielt en sjocht, alles dielt mei har beste freonen, de bargen Pieter en Nel. Dat troch de krimp nei in oare skoalle moat en har dêr net hielendal op har plak fielt. As lêzer wolst dat der wat dien wurdt oan it pesten. Miskien is de besite fan de plysjes oan ’e ein fan it boek (om Silke te betankjen foar it rêden fan Miss Dee) wol in eye opener foar sawol de juf as de pestkoppen yn de klasse.

It tiidsbestek fan it boek beslacht in pear moanne. It ferskil yn leeftiid tusken Silke en Miss Dee falt fuort, ferline en no rinne trochinoar.

It boek giet hiel natuerlik fan de iene yn de oare taal oer.

Yn de yllustraasjes fan Carla van der Heijde is it ferskil tusken ferline en no dúdlik; de tekeningen oer eartiids binne kleurryk. De tekeningen oer de hjerst en winter, it âlder wurden, binne yn rêstige pasteltinten makke. De kranteknipsels dy’t derby plakt binne, binne in aardichheid op harsels. Fan âlde rymkes oant de LC, fan Ingelske mearkes oant nijsgjirrige wurden. It docht rjocht oan it ferhaal; it hûs is fol mei ferhalen.

Frij wêze is in belangryk tema: frij fan skoalle, frij fan de pestkoppen, frij om te bliuwen sa ast bist, te libjen sa ast wolst. Papieren boatsjes op it grêf fan poes Fluffy…

Foar sawol Miss Dee as Silke is dy frijheid wichtich. Miss Dee leart Silke sterk te wêzen, net te bûgen foar pestkoppen. Sil Jessy Dee har suster út Ingelân noch sjen? Eins makket it net mear út. Ek sy hat leard dat se bliuwe wol wa’t se is.

Trijetalichheid is it aktuele tema dat Wytsma yn it ferhaal ferweve hat. It leuke is datst Miss Dee echt praten hearre kinst, datst sels ek hast Ingelsk begjinst te praten. It boek giet hiel natuerlik fan de iene yn de oare taal oer. Moai dien.

It boek is geskikt om te lêzen of foar te lêzen fanôf in jier as njoggen, tsien. Wytsma lit dy noch altyd ticht by de haadpersoanen komme en oan de oare kant hast de romte om dy sels in byld fan harren te foarmjen. Dat makket dat har boeken noch altyd oansprekke en libje. 

Antje van Schepen

 

‘Silke en Miss Dee’ is foar € 14,95 hjir online te bestellen of freegje der nei yn dyn boekhannel.

-> Antje is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.