De haadpersoan fan it boek is Reinder Beetstra, syn libben yn Fryslân wurdt beskreaun yn in stikmannich haadstikken/ferhalen. We heare oer syn jongesjierren, de famylje, foaral oer syn mem, syn tsjinsttiid en it studintelibben yn Grins. Letter syn libben yn Nij-Seelân as makeler en al ridlike gau de skieding fan syn frou Christine. Dêrnei werom yn Fryslân falt dat ek tsjin. Jeugdfreon Sipke dûkt sa no en dan op, mar dat is meast ek net sa as Reinder it wollen hie.
Wat ek hieltiid wer boppe komt is de heabroei dy’t in grutte brân foaroarsake. Hat Reinder dêr wat men no neamt in stress-syndroom fan oerhâlden?
Sytske, syn suster, dy’t troch in beheining yn in “karke” sit, is mar krekt oan de brân ûntkommen. Fielt Reinder him skuldich?
It boek is mar tin, krap 200 bledsiden, maar der stiet in protte yn. Men kriget in aardich byld fan de man. Knap sa as de man delset wurdt mei al syn lekken en brekken yn dochs in tin boekje. It lêst flot út, ek al moast ik troch de opset iderkear skeakelje.
Skearing en Ynslach, in moaie titel foar it boek. Hoe as it giet yn Reinder syn libben.
De foarkant fan it boek, it bosk kaaien, seit my minder. Wat betsjut de goudkleurige kaai?
Al mei al in nijsgjirich boek.
Anne Visser
It boek ‘Skearing en Ynslach’ is foar € 18,50 hjir online te bestellen.
-> Anne is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.