Zoek op inhoud

We besjogge earst de foar- en achterkant ris. En ik freegje beide famkes fan 4 en 2 wêr at sy tinke dat it boek oer gean sil. ‘Ik denk dat de muis wordt opgegeten’, seit de âldste gelyk. De jongste krûpt fuort en seit ‘eng’. ‘Wêrom tinksto dat de mûs opiten wurdt?’ freegje ik. ‘Door dat grote monster.’ 

Dan sis ik: ‘Witst wat ik tink? Ik sjoch dat it meunster laket, dus ik tink dat it boek net sa eng is. Sille we ris sjen wa at der gelyk hat en hoe’t it ferhaal rint?’ En sadree’t ik de earste bledside omdraai, dûke beide bern it boek yn. De moaie yllustraasjes nimme harren gelyk mei yn it ferhaal. We binne yn ’e bosk!

It ferhaal ‘De Gruffalo’ giet oer in mûske dat yn de bosk allegear bisten tsjinkomt dy’t wol sin ha oan sa’n lyts mûske. Mar it mûske makket dy bisten wiis dat er in ôfspraak hat mei in fantasymeunster, de gruffalo. Dat skrikt alle bisten ôf. Mar dan ynienen stiet dat fantasymeunster echt foar it mûske syn noas. In lyts mûske, dat liket de gruffalo wol in lekker hapke ta! Mar it mûske is slim en seit dat er him mar net opite moat, omdat hy in gefaarlike mûs is dêr’t alle bisten yn it bosk bang foar binne. En om dat te bewizen, nimt it mûske him mei lâns alle bisten yn it bosk. Dy bisten skrikke sa bot dat se gelyk wer fuortdûke.

 

De Gruffalo, in spannend ferhaal mei in moaie twist en prachtige yllustraasjes.

 

It hiele ferhaal is op rym makke en der is in soarte werhelling fan de sinnen. Doe’t wy it boek foar de twadde kear liezen, makke de âldste de rymsinnen al ôf. Ek wie it boek by de twadde en tredde kear lêzen noch krekt sa spannend! Foarlêzen is sowieso tige wichtich foar de taalûntwikkeling, en it rymjen kin dêrby net ûntbrekke. Rymjen hawwe de bern nammentlik nedich foar it lêzen learen!

De famkes wurde twatalich grutbrocht, dêrom fyn ik it wichtich dat se ek Fryske printeboeken lêze. Dochs fyn ik it bytiden ek lestich om de oandacht fan bern by in goed Frysk printeboek te hâlden. By dit boek wie dat net it gefal, der sit fansels in goeie spanningsbôge yn it ferhaal. Ek wurde der gjin drege âlde Fryske wurden brûkt. De Fryske taal wurdt ek nochris dúdlik makke troch de moaie printen. It is in spannend ferhaal mei in moaie twist en prachtige yllustraasjes. De famkes binne noch altyd sljocht op dit boek!

Baukje de Vries-Vaatstra

‘De Gruffalo’ is foar € 14,95  hjir online te bestellen.

-> Baukje is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.