Zoek op inhoud

De Fryske famyljefloggers

Tjits van der Wal wennet mei har man Jelke en beide bern Sake (hast 6) en Yldau (9 moanne) yn Broeksterwâld. Sy is mem en flogger. Har ‘Tjits flochs’ begjinne steefêst mei de sin ‘in nije dei, in nije floch’ en soms in stevich akkoard op de gitaar derop ta.

‘Ik wie altyd al aktyf op social media en poste myn berjochten meast yn it Frysk, mar doe’t ik troch Taalplan Frysk frege waard oft ik ek meidwaan woe oan in famyljefloch, kaam dat dochs as in ferrassing. Us lytse Yldau wie der doe krekt, en ik wie noch mei swangerskipsferlof. It oanbod kaam op in wat rûzich momint yn ús libben, dus dêr moasten wy as húshâlding al even oer neitinke, mar myn man sei fuort: ‘Da’s krekt wat foar dy’, en sûnt 15 maart floch ik no alle dagen oer ús libben.

Sake fynt it ek prima en is der hielendal oan wend. Lêsten sei hy: ‘Doch mar gewoan hear mem, dat doch ik ek’, doe’t ik yn in winkel oansprutsen waard op myn flochs. Want folgers binne der oeral yn Fryslân.

Doe’t wy fan ’t simmer mei de boat oer de Fryske wetters fearen, waarden we regelmjittich oansprutsen en faak wolle minsken mei dy op ’e foto. Op it stuit ha wy 900 abonnees en wurdt elk filmke sa’n 1000 kear besjoen. Da’s bêst in goeie skoare foar in begjinnende famyljefloch!

Us folgers binne meast jonge âlders, pakes en beppes, mar we sjogge dat ek hieltyd mear bern ús folgje. Superleuk fansels! Dat dêr wolle wy ek graach mear mei dwaan. Soms wurdt ús floch op de basisskoalle ûnder it fruit-iten sjen litten. No tinke we deroer nei om ek faker nei skoallen te gean mei de flochkamera. Bern fine dat super ynteressant!

Ik wol fral graach sjen litte hoe gewoan, mar ek hoe stoer en cool it is om Frysk te praten. En troch de floch krije de folgers ek in byld fan Fryslân, hoe bysûnder ús ‘achtertún’ is. Mei myn floch jou ik ek tips foar leuke útstapkes, in leuk museum of in leuke aktiviteit mei bern. Yn Fryslân is safolle moais te sjen en te belibjen, dat wol ik yn byld bringe mar fral ek trochjaan. En leafst op in natuerlike manier. It moat wol by ús passe; it moat in bytsje stoer wêze, en eigen.’

Tekst: Ciska Noordmans
Foto: Hippe Kiek Fotografie

Cyberpesten, peste yn de digitale wrâld

Mei de opkomst fan iPhones, iPads en sosjale media as Instagram, Snapchat en Facebook nimt ek it cyberpesten ta. Net allinnich op it skoalplein mar ek op ynternet krije bern tsjinwurdich te meitsjen mei pestgedrach. Undersyk wiist út dat 1 op ‘e 5 bern online wolris pest wurdt. Hoe wurket cyberpesten en wichtiger noch: wat kinne wy der tsjin dwaan?

Flitsende floggers: folgesto it noch?

Stikelbarchje Prikkeprik

Giesto nei dyn holtsje
moai lyts stikelboltsje
kom stikelbarchje prik prik prik
sille wy boartsje do en ik?

In waarm boekje mei ritme en rym om de alderlytsten genietsje te litten fan taal en natuer. Foar pjutten fan 1 jier ôf.

Dit artikel stond in:

Heit & Mem

2021 #2
Bekijk magazine