Zoek op inhoud

Hoe’t Elske Schotanus de privacy fan har famyljeleden skeint.

Myn nijsgjirrigens nei it boek begjint by de foarmjouwing en de kleuren fan de foarkant fan it boek. Wêrom krekt wit ik net, mar it is sa. Dan mar begjinne. En as je ien kear begjinne is der gjin hâlden mear oan. 

Ik ha my de bûsen útskuord om falske tosken en in nijsgjirrige hin.

It boek bondelet it ferhaal dat Elske yn de simmer fan 2019 yn ôfleveringen op Facebook skreaun hat. In famyljeferhaal dêr’t alles yn sit. Spanning, humor, drones, in Fries om utens, in toefke mystyk en oan ‘e ein in pikefelmomintsje. Sa ha ik my de bûsen útskuord om falske tosken en in nijsgjirrige hin, luorke ik no en dan oer it skouder oft der by ús yn ‘e tún ek net in raven ferskûle siet en seach ik my alhiel omdoarmje yn in njoggentjinde-iuwsk lânhûs yn Gaasterlân.

De foarmjouwing fan de foarkant fan it boek giet binnenyn troch. Sa stiet by elke ôflevering in foto of ôfbylding, passend by de ynhâld en yn de styl fan de foarkant. Yn it neiwurd is der foar de leafhawwers ynformaasje oer de skiednis fan it sjenre feuilleton te finen en as neigesetsje noch in simmersk ferhaal fan Elske har hân. In boek mei alles derop en deroan. It kloppet!

Oan ‘e ein hie ik suver sin yn Ierske kofje, mar ha it dochs mar by kofje mei opkloppe molke en diskodip hâlden. Ek lekker!

Reina Kroodsma út út Nij Beets

‘De Raven’ is foar € 18,50 hjir online te bestellen.

 

-> Reina is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.