De raven wie in Facebookroman. In wier feuilleton. Skreaun troch Elske Schotanus. De raven is no ek yn boekfoarm te lêzen. En dat pakt hiel goed út!!
Dat it earst in echt Facebookfeuilleton wie, komt noch sterk nei foaren, ek yn it boek. En at jo it ferhaal lêze, dan begripe jo dat it ferhaal op Facebook echte folgers hie. Nei elk stikje wolle jo witte: hoe giet dit fierder… Sa no en dan komme der wiere cliffhangers yn it ferhaal nei boppen.
Elske Schotanus lit dêryn sjen in betûft Facebookromanskriuwer te wêzen.
De raven, it tomke kin omheech!!
Sels ha ik de ôfrûne wiken ek in bulte pleatst op Facebook, sels bin ik ek heit fan in Elske en sels bin ik ek heit fan in famke mei in ferstanlike beheining. Allegear oerienkomsten mei it ferhaal fan De raven.
Dat makke ek dat it foar my hiel noflik lêzen wie. Mar dat net allinnich. It ferhaal lêst as in tierelier.
Jo wurde meinommen yn it famyljegebeuren fan Elske. Se set it allegear op har eigen Facebookpagina. En de fraach is: skeint se dêrmei de privacy fan har famyljeleden. De subtitel fan it boek jout oan fan wol.
Der bart ek wol it ien en oar, fan wa is de drone dy’t by Elske har hûs en tún omhinget, broer Sake (mei syndroom fan Down) is poater, fuortrûn út syn wenfoarsjenning yn Stienwyk, wêr wennet broer Gjalt, kin broer Hayo genôch helpe, en sus Okje… Okje is wol hiel bysûnder yn it ferhaal… der sit in ferhaal efter Okje, en dan de raven sels, wêr komt er wei, fan wa is dy raven.
Jo wolle it witte as lêzer, jo komme it ek te witten.
En Facebook… is in moai sosjaal medium foar moaie romans, mar ek foar nijsgjirrige Aachjes.
Elske jout yn ’t lêst fan it boek tekst en útlis oer hoe’t se by in Facebookroman kommen is. Se jout in gearfetting fan it ûntstean fan de roman yn ferskillende foarmen. Facebook is dêryn fernijend. It is in aardige en nijsgjirrige tajefte op it boek.
Elske hat sjen litten dat in Facebookfeuilleton slagje kin, ek yn in boek!
Goed dien Elske, in fertsjinne tomke omheech!!
Pieter Zuidema
‘De Raven’ is foar € 18,50 hjir online te bestellen.
-> Pieter is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.